Frysk Antwoorden
Bijlage
Nummer: 2024D00725, datum: 2024-01-15, bijgewerkt: 2024-02-19 10:56, versie: 1
Directe link naar document (.docx), link naar pagina op de Tweede Kamer site.
Bijlage bij: Antwoord op vragen van de leden Tjeerd de Groot, De Hoop en Soepboer over het bericht 'Hoe komt het met het Frysk in de Kamer, nu zoveel voorvechters van het toneel verdwijnen?' van 13 december 2023 (2024D00723)
Preview document (🔗 origineel)
Mei dizze brief bied ik jo de antwurden oan op 'e Keamerfragen fan de leden Tjeerd de Groot (D66), De Hoop (GroenLinks-PvdA) en Soepboer (Nieuw Sociaal Contract) oer it berjocht 'Hoe komt it mei it Frysk yn 'e Keamer, no't safolle foarfjochters fan it toaniel ferdwine?' fan 13 desimber 2023.
De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,
Hugo de Jonge
Fraach 1
Binne jo bekend mei it berjocht 'Hoe komt it mei it Frysk yn 'e Keamer,
no't safolle foarfjochters fan it toaniel ferdwine?'?1
Ja, dêr bin ik bekend mei.
Fraach 2
Binne jo it dermei iens dat in wikseling fan de wacht net liede mei ta
in fermindere ynset foar de soarchplicht foar de Fryske taal en
kultuer?
Wikseling fan de wacht mei net liede ta in fermindere ynset foar de soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer. Dêrom is der likegoed nasjonaal as ynternasjonaal in formeel kader fan belied en wetjouwing dêr't dy soarchplicht mei boarge wurdt. Tink dêrby oan de Wet gebrûk Fryske taal, de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer, de erkenning fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen foar minderheden en de erkenning fan it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan minderheden.
Fraach 3
Binne jo ree, no't it ûndertekenjen fan in nije bestjoersôfspraak Fryske
Taal en Kultuer (BFTK) útsteld is, om net allinnich de ôfspraken yn de
BFTK te ferlingjen oant it ûndertekenjen, mar ek de oare ôfspraken te
ferlingjen dy't nei oanlieding dêrfan makke binne?2
It ôfrûnjen fan 'e Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2024-2028 freget mear tiid. Yn Haadstik 8.8 fan de hjoeddeistige bestjoersôfspraken stiet opnaam dat, as nei de rintiid fan 'e hjoeddeistige BFTK noch gjin nije bestjoersôfspraak oerienkommen is, de besteande bestjoersôfspraak fan krêft bliuwt oant it ûndertekenjen fan de nije.
Yn oanfolling op de hjoeddeistige BFTK is op 25 april 2022 ek it Sichtberensakkoart ôfsletten. Ik sjoch dat akkoart as oanslutend op de BFTK en dêrom sil dat ek fan krêft bliuwe oant de nije bestjoersôfspraak ûndertekene is.
Fraach 4
Wat sille jo dwaan om faasje te setten efter it ûndertekenjen fan de
nije BFTK, sadat de gefolgen meinommen wurde kinne yn 'e maaiesirkulêre
2024?
Ik begryp de belangen om de ôfspraken gau ôf te rûnjen. Yn 'e mande mei de provinsje Fryslân stribje ik der dêrom nei om sa gau mooglik in akkoart te berikken. It is fan belang om dêrby te ûnderstreekjen dat it net giet om it útstellen fan it ûndertekenjen, mar fan it útrinnen fan de ûnderhannelingen. Mei op fersyk fan jo Keamer is it ús ynset om de ambysje yn dizze BFTK te ferheegjen neffens foargeande jierren. Ambysje kostet tiid. Nije ôfspraken moatte net allinnich ambisjeus mar ek breed droegen en útfierber wêze. Dat freget yn guon gefallen om yngeand ûndersyk en oerlis.
Wannear't de BFTK ûndertekene wurde kin is ôfhinklik fan wannear't in akkoart berikt wurdt tusken de Provinsje Fryslân en de oanbelangjende departeminten binnen de Ryksoerheid. Lykas oanjûn yn de keamerbrief fan 28 novimber ‘Ofrûnjen BFTK freget mear tiid’ is it ûndertekenjen op dit stuit foarsjoen yn 'e maitiid fan 2024.
Fraach 5 en 6
Erkenne jo it belang fan in waarme oerdracht fan it dossier Fryske taal
en kultuer oan jo opfolger, om in fleanende start meitsje te kinnen mei
de ferhege ambysjes, lykas frege troch de Keamer?
Binne jo ree, krekt as jo foargonger3, yn it yntroduksjedossier
foar jo opfolger de ferantwurdlikens en soarchplicht foar de Fryske taal
en kultuer op te nimmen?
Ja, ik erken it belang fan in waarme oerdracht fan it dossier Fryske taal en kultuer en sil dêrom, krekt as myn foargonger, yn it yntroduksjedossier foar myn opfolger de ferantwurdlikens en soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer opnimme.
Fraach 7
Binne jo ree dizze fragen likegoed yn it Frysk as yn it Nederlânsk te
beäntwurdzjen?
Ik sil in Fryske oersetting fan jo fragen en antwurden taheakje oan 'e stikken.
Leeuwarder Courant, 5 desimber 2023 (https://lc.nl/opinie/Hoe-komt-het-met-het-Frysk-in-nieuwe-Kamer-28788016.html).↩︎
Keamerstik 36 410 VII, nr. 81.↩︎
Aanhangsel Handelingen II, Vergaderjaar 2021–2022, nr. 1878.↩︎