Konvenant oangeande de bachelor Fries
Bijlage
Nummer: 2025D33252, datum: 2025-07-10, bijgewerkt: 2025-07-10 16:04, versie: 1
Directe link naar document (.docx), link naar pagina op de Tweede Kamer site.
Bijlage bij: Convenant gesloten t.b.v. bachelor Fries (2025D33251)
Preview document (🔗 origineel)
De foarsitter fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal Postbus 20018 2500 EA DE HAACH |
---|
Datum | 10 july 2025 |
---|---|
Giet oer | Konvenant oangeande de bachelor Fries |
Heger Underwiis en stúdzjefinansiering Rijnstraat 50 De Haach Postbus 16375 2500 BJ De Haach www.rijksoverheid.nl |
Us referinsje 53274405 |
It Frysk hat yn Nederlân in bysûndere posysje, nammentlik as de offisjele taal yn ’e provinsje Fryslân neist it Nederlânsk. In taal libbet as er sprutsen en lêzen, en ek bestudearre wurdt. De ôfrûne jierren bestiene der soargen oer de posysje fan it Frysk op akademysk nivo. Mei dit brief ynformearje ik jo Keamer, mei út namme fan de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK), oer hoe’t it Frysk wer in duorsume posysje krigen hat yn it wittenskiplik ûnderwiis en útfiering jûn is oan de moasje fan de leden De Hoop (GL-PvdA) en Van der Molen (CDA) en it amendemint fan it lid De Hoop1.
Fryske taal
In jier lyn is yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028 (BFTK)2 ôfpraat dat it Ryk en de Provinsje harren tegearre ynsette foar in folweardige, duorsume en tagonklike bachelor Frysk en de ôfspraken oer de gearwurking fêst te lizzen yn in konvenant. De minister fan BZK en ik binne bliid jo Keamer meidiele te kinnen dat op 10 july 2025 in konvenant tusken it ministearje fan OCW, it ministearje fan BZK, de Provinsje Fryslân en de Ryksuniversiteit Grins (RUG) ûndertekene is. Mei dit konvenant is in duorsume gearwurking tusken dizze fjouwer partijen foar in bachelor Frysk boarge.
Sa draacht elk út syn eigen rol en ferantwurdlikheid wei by oan it beskermjen en befoarderjen fan it Frysk yn it wittenskiplik ûnderwiis. De Provinsje Fryslân en it Ryk hawwe in mienskiplike ferantwurdlikheid en soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer. It ministearje fan OCW is ferantwurdlik foar it beliedsterrein heger ûnderwiis en it ministearje fan BZK hat op it mêd fan erkende talen in koördinearjende rol binnen it Ryk. De RUG hat as ûnderwiisynstelling oanjûn dat bachelorprogamma ûntwikkelje en oanbiede te wollen. Sy beslút oer en stiet noed foar de ynhâld, foarm, kwaliteit en organisaasje fan it ûnderwiis.
De RUG hat har de ôfrûne moannen mei tawijing ynset foar de ûntwikkeling fan it bachelorprogramma. It bachelorprogramma makket diel út fan in bredere, trochgeande learline Frysk. Sa kinne ynteressearre en entûsjaste skoalbern út it fuortset ûnderwiis in stúdzje Frysk yn it wittenskiplik ûnderwiis fuortsette. Ek kinne ôfstudearren harren paad yn ’e frisistyk (de wittenskiplike beoefening fan it Frysk) fuortsette of in baan fine op de (Fryske) arbeidsmerk. It bachelorprogramma Frysk rjochtet him dêrby net allinnich op it oanlûken fan ‘haadfakkers’3, mar just ek op hoe’t in gruttere groep ‘byfak’-studinten berikt wurde kin, omdat it doel is derfoar te soargjen dat safolle mooglik studinten mei de Fryske taal en kultuer yn oanrekking komme. Binnen in moanne nei de ûndertekening sil it konvenant yn ’e Staatscourant publisearre wurde.
By de ûntwikkeling fan it konvenant hat DINGtiid, it wetlike advysorgaan foar de oerheid op it mêd fan ’e Fryske taal, in advisearjende rol hân. By dit brief wolle de minister fan BZK en ik DINGtiid betankje foar harren frege en net-frege advizen oer dit ûnderwerp.
Utfiering moasje en amendemint
Mei de ûndertekening fan it konvenant jou ik fierder ynfolling oan de ferplichtings dy’t folgje út it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en minderheidstalen, wêrby’t wy as oerheid de mooglikheden fasilitearje om it Frysk op wittenskiplik nivo te ûnderwizen en bestudearjen. Dêrby jou ik útfiering oan it amendemint fan it lid De Hoop om struktureel € 340.000 beskikber te stellen foar in bachelor Frysk4. Ek jou ik troch it konvenant útfiering oan de moasje fan de leden De Hoop en Van der Molen5. Yn dizze moasje waard frege om de oplieding Frysk yn ’e wet te ferankerjen. Sa’t yn eardere Keamerfragen6 oanjûn is, docht bliken dat it fêstlizzen fan in ferplichting ta it fersoargjen fan in bachelor Frysk net past by de autonomy dy’t oan ’e ynstelling takomt op basis fan ’e wet heger ûnderwiis en wittenskiplik ûndersyk. Yn ’e wet is fêstlein dat it foech foar it inisjearjen en fersoargjen fan in oplieding by de ûnderwiisynstelling leit. De Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW) hat advisearre om dêrfoar yn it plak in konvenant oan te gean mei de oanbelangjende ûnderwiisynstelling en sa útfiering te jaan oan de moasje7. Dat advys is ter herte nommen en yn ’e BFTK is ôfpraat it akademysk ûnderwiis nei it Frysk troch it konvenant duorsum te ferankerjen. Dêrmei beskôgje ik de moasje as útfierd.
As lêste
Mei de komst fan it konvenant is it Frysk yn it wittenskiplik ûnderwiis duorsum boarge. Mar in libbene taal is mear as in akademyske stúdzje. Wy bliuwe ús dan ek ynsetten foar it duorsum boargjen fan it Frysk; fan bernedeiferbliuw oant wittenskiplik ûnderwiis.
De minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip,
Eppo Bruins
Twadde Keamer, gearkomstejier 2022 -2023, 36 200 VIII, nr. 96.
Twadde Keamer, gearkomstejier 2021 -2024, 36 410 VIII, nr. 44.↩︎
Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028 | Konvenant | Rijksoverheid.nl.↩︎
In haadfakstudint is immen dy’t it folle programma fan in oplieding folget en ek it diploma fan dy oplieding krijt.↩︎
Twadde Keamer, gearkomstejier 2023–2024, 36 410 VIII, nr. 44.↩︎
Twadde Keamer, gearkomstejier 2022–2023, 36 200 VIII, nr. 96.↩︎