Beantwoording SO Advies DINGtiid BFTK en Advies DINGtiid Friestalige Journalistiek
Bijlage
Nummer: 2025D48097, datum: 2025-11-25, bijgewerkt: 2025-11-25 12:08, versie: 1
Directe link naar document (.docx), link naar pagina op de Tweede Kamer site.
Bijlage bij: Verslag van een schriftelijk overleg over het Advies DINGtiid Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028 en Advies DINGtiid Friestalige Journalistiek (Kamerstuk 33335-22) (2025D48095)
Preview document (🔗 origineel)
Ynhâld
BFTK-proses
De leden fan de GrienLinks-PvdA-fraksje binne bliid dat de advizen oernommen wurde. Dizze leden freegje yn algemiene sin omtinken foar it goed opfolgjen fan de aksjes út de BFTK. Kin de minister tasizze dat as by de tuskenevaluaasje bliken docht dat der mear barre moat om de doelen te heljen, de minister hjirfoar – yn oerlis mei de Provinsje en nei advys fan DINGtiid – mei konkrete foarstellen komt? En as dat net sa is, wêrom net?
Ut de wetlike posysje as offisjele taal yn de provinsje Fryslân wei sjocht dit kabinet it befoarderjen fan it Frysk as in kontinue opdracht. As út de tuskenevaluaasje bliken docht dat bystjoering nedich is om de doelen te heljen, sil ik dêroer yn oerlis mei de Provinsje. As it nedich is, kin dan mei-inoar besjoen wurde hokker oanfoljende maatregels oft elk, út syn ferantwurdlikheid wei, treffen moat.
DINGtiid hat opmurken dat it Frysk baat hat by konkrete maatregels en net by mar in ‘stribjen’ of ‘ferkenning’. De leden fan de CDA-fraksje freegje
oft de minister ree is om by de tuskenevaluaasje te besjen op hokker ûnderwerpen konkrete doelstellings noch ûntbrekke.
Ek wolle dizze leden witte hokker maatregels de minister nimt om ûndersyk nei de effektiviteit fan it taalbelied op de lange termyn te befoarderjen.
It kabinet is it mei DINGtiid iens dat it Frysk baat hat by konkrete maatregels. Dêrom binne yn de BFTK konkrete maatregels opnommen. By de tuskenevaluaasje sille wy gjin nije doelstellings formulearje, mar kinne wy wol bystjoere op besteande doelstellings en maatregels.
De minister fan BZK befoarderet op ferskate wizen ûndersyk nei de effektiviteit fan it Fryske taalbelied. Foarst folget it Ryk de monitoaringsyklus fan de Ried fan Europa op grûn fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. Nederlân rapportearret alle fiif jier oer it belied en de maatregels om de Fryske taal te beskermjen en te befoarderjen. Nederlân ûntfangt út de Ried fan Europa wei in evaluaasjerapport en oanrekommandaasjes. Dy evaluaasje en oanrekommandaasjes moatte de effektiviteit fan it belied ferbetterje. Twads is yn de Wet gebrûk Fryske taal fêstlein dat DINGtiid advisearret oer mjitbere langetermyndoelen en monitoaring. DINGtiid wurdt dêrom aktyf belutsen by de beliedsfoarming en evaluaasje fan it Fryske taalbelied. Treds wurdt der op ’e praktyk rjochte en wittenskiplik ûndersyk útfierd troch ûnder oare de Ryksuniversiteit Grins en it praktoraat Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst by Firda. Dat ûndersyk rjochtet him op it fuortsterkjen fan de fitaliteit fan de Fryske taal op de lange termyn. Fjirds is yn ’e Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2024-2028 fêstlein dat der yn 2026 in tuskenevaluaasje wêze sil. Dêrby sil spesifyk sjoen wurde nei mooglikheden om de monitoaring fierder te ûntwikkeljen.
Yn april 2024 is de BFTK ûndertekene. De leden fan de VVD-fraksje wolle graach witte
hokker konkrete saken yn it earste jier útfierd, oppakt of regele binne. Der is nammentlik in soad te dwaan en de tiid is beheind, dus moat der faasje makke wurde mei de ôfspraken om de ambysje wier te meitsjen.
Dizze leden kinne har net oan de yndruk ûntlûke dat it Ryk benammen wiist nei oaren om de ôfspraken en ambysje te realisearjen. Graach in refleksje fan de minister.
Yn it earste jier nei ûndertekening fan de BFTK hawwe it Ryk en de Provinsje al ferskate konkrete aksjes oppakt en resultaten boekt. Sa is ôfrûne febrewaris de minor Fryske sjoernalistyk oan NHL Stenden Hogeschool fan start gien. Dêrneist is yn septimber 2024 it praktoraat Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst ynsteld. Dit praktoraat hat as doel it meartalich ûnderwiis yn Fryslân fierder te fuortsterkjen en te ûntwikkeljen. Nei de simmer fan 2024 is in wurkgroep fan de Rjochtbank, it Gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert en DINGtiid begûn mei it opstellen fan in (basis)taalbeliedsplan foar it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear. Dêrneist hawwe it ministearje fan OCW, it ministearje fan BZK, de Ryksuniversiteit Grins en de Provinsje Fryslân sûnt de ûndertekening fan de BFTK mei-inoar konstruktyf wurke oan in konvenant foar gearwurking op de bachelor Frysk. Dit is op 10 july 2025 ûndertekene. De Keamer is hjir op 10 july oer ek ynformearre1.
It Ryk erkent dat de beskerming en befoardering fan de Fryske taal in mienskiplike soarchplicht is, dy’t it yn ’e mande mei de Provinsje Fryslân draacht. De WGFT en de BFTK 2024-2028 befêstigje dy dielde ferantwurdlikheid en befetsje konkrete ôfspraken wêryn’t it Ryk syn rol aktyf oppakt. Dat is in mienskiplike ynspanning, wêrby’t ek de Provinsje, ûnderwiisynstellings, kulturele organisaasjes en de Fryske mienskip in aktive rol spylje.
Yn de útfiering nimt it Ryk ferantwurdlikheid op krúsjale beliedsterreinen, lykas ûnderwiis, media en rjochtspraak. Dat docht ûnder oare bliken út de strukturele finansiering foar ûnderwiisinisjativen, de fuortsterking fan de Fryske sjoernalistyk en de stipe fan meartaligens by oerheidstsjinsten. Dêrneist bliuwt it Ryk tasjen op it neilibjen fan nasjonale en ynternasjonale ferplichtings, wêrûnder it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. It Ryk bliuwt him ynsetten om, yn gearwurking mei alle belutsen partijen, de ambysjes fan de BFTK te realisearjen en it Frysk as Rykstaal fierder te fuortsterkjen.
Neffens de Wet gebrûk Fryske taal hat DINGtiid de taak om te advisearjen oer de BFTK. Dit advys is ein maart 2024 oan it Ryk en de Provinsje oerlange. De leden fan de VVD freegje:
Hoe is dit advys meinommen by de nije BFTK?
Wêrom is de reaksje op it advys fan maart 2024 pas yn jannewaris 2025 jûn?
Hoe kin der yn de takomst foar soarge wurde dat dit proses better opinoar oanslút? De leden fan de VVD-fraksje stelle de advizen fan DINGtiid nammentlik tige op priis en fine dat hjir serieus en op ’e tiid rekkenskip fan jûn wurde moat.
Kin de minister in oersjoch jaan fan it tiidpaad fan de ymplemintaasje fan de BFTK?
It kabinet hechtet in soad wearde oan de ûnôfhinklike advizen fan DINGtiid en fynt it fan grut belang dat DINGtiid yn steat steld wurdt om har wetlike advisearjende taak optimaal útfiere te kinnen. By it ta stân kommen fan de hjoeddeiske BFTK die bliken dat it advys wie om dat foar de ûndertekening fan de BFTK fan in reaksje te foarsjen. Dêrom binne BZK, de Provinsje en DINGtiid oerienkommen dat DINGtiid by it ta stân kommen fan in folgjend bestjoersakkoart har formele advys oer it belied op haadlinen útbringe sil oan de start en net by it definitive konsept fan de BFTK. Yn antwurd 3 stiet it oersjoch fan de maatregels dy’t al oppakt, útfierd en regele binne. Ynset is dat wy út it Ryk en de Provinsje wei alle maatregels dy’t oankundige binne yn de BFTK yn útfiering hawwe foar de tuskentiidske evaluaasje healwei 2026. Jo Keamer wurdt hjiroer ynformearre.
Yn de BFTK steane in soad faach formulearre doelstellings. DINGtiid hat opmurken dat it Frysk baat hat by konkrete maatregels en net by mar in “stribjen” of “ferkenning”. De leden fan de VVD-fraksje freegje:
oft de minister ree is om by de tuskenevaluaasje te besjen op hokker ûnderwerpen konkrete maatregels noch ûntbrekke.
Hokker maatregels nimt de minister om ûndersyk nei de effektiviteit fan it taalbelied op de lange termyn te befoarderjen?
Dy leden freegje ek nei de útfiering fan de moasje-Bevers/Van der Molen (36200 VIII, nr. 132). Kin de minister dúdlikheid jaan oer hoe’t dizze moasje oangeande de BFTK útfierd is yn de advizen fan Dingtiid?
Op de fraach oft ik ree bin om by de tuskenevaluaasje te besjen op hokker ûnderwerpen noch konkrete maatregels ûntbrekke en op de fraach hokker maatregels ik nim om ûndersyk nei de effektiviteit fan it taalbelied op de lange termyn te befoarderjen, ferwiis ik jo nei de beantwurding fan fraach 2.
De moasje-Bevers/van der Molen frege it regear by de nije BFTK te ûndersykjen oft de ynstelling fan in lanlike kommisje Frysk mooglik is. De doetiidske minister fan BZK hat DINGtiid frege om te advisearjen oer de ynstelling fan sa’n lanlike kommisje Frysk. Dit advys haw ik op 13 novimber 2024 ûntfongen. Jo hawwe myn reaksje okkerdeis krigen2.
De leden fan de NSC-fraksje lêze yn it advys fan DINGtiid oer de BFTK dat der advisearre wurdt it BFTK-proses op ’e nij te strukturearjen as in trochgeande, mienskiplike opdracht. Dizze leden ûnderskriuwe dit en lêze yn de kabinetsreaksje dat hjir wichtige stappen set wurde, bygelyks troch tuskentiids te evaluearjen yn 2026. Hoewol’t dizze leden dit as goede ûntwikkeling sjogge, freegje hja har ôf hoe’t de minister dizze stap sjocht as in konkrete fermindering fan de wurkdruk foar it Ryk, provinsjes en gemeenten.
Hoe liedt tuskentiids evaluearjen ta fermindering fan de wurkdruk, spesifyk oangeande de lêste oardel jier fan de beliedsperioade?
Sjocht de minister noch mear mooglikheden om it BFTK-proses te stabilisearjen, lykas de winsk is fan DINGtiid?
Boppedat jout DINGtiid spesifike oanrekommandaasjes om de wurkdruk te ferleegjen. Hoe jout de minister útfiering oan dy oanrekommandaasjes,
en is ûnderwilens boarge dat der genôch strukturele personiele ynset en kontinuïteit fan kennis is by beide oerheden, ek sjoen it ferrin by it amtlik personiel?
Is de minister ree twa kear jiers bestjoerlik te praten oer it Frysk mei de belutsen deputearre?
DINGtiid ropt Ryk en Provinsje op om it BFTK-proses op ’e nij te strukturearjen út it perspektyf fan de soarchplicht foar it Frysk wei as in trochgeande, mienskiplike opdracht fan Ryk, provinsjes en gemeenten. Ik bin it mei DINGtiid iens dat it BFTK-proses op ’e nij strukturearre wurde moat. Troch tuskentiids te evaluearjen kinne wy de oandacht en de wurkdruk spriede. Op dy wize ferminderje wy de pyk yn wurklêst yn it lêste oardel jier en kinne wy foar tidige bystjoering soargje wêr’t dat nedich is. Wy kinne knyppunten sa ek op ’e tiid sinjalearje. De ynrjochting fan in Lanlike Kennistafel Frysk kin ek helpe om de oandacht en wurklêst te sprieden. Foar in taljochting op de rol dy’t in Lanlike Kennistafel spylje kin by de fitalisearring fan de Fryske taal ferwiis ik jo nei myn reaksje dy’t ik jo Keamer okkerdeis tastjoerd haw.
It kabinet erkent it belang fan genôch strukturele personiele ynset en kontinuïteit fan kennis. It Ryk spant him dan ek yn om yn in krappe arbeidsmerk en yn tiden fan taakstelling en besunigings de personielsynset, kennis en in goede oerdracht fan kennis te garandearjen. Dêrby sjogge wy ta op in effisjinte ynset fan middels en kapasiteit. Oer de personele ynset by de Provinsje kin ik gjin útspraken dwaan, dat falt binnen it mandaat fan de Provinsje.
Yn de BFTK is ôfpraat dat ik as minister fan BZK op syn minst ien kear yn it jier mei de deputearre bestjoerlik oerlis hawwe sil. Mocht der oanlieding wêze foar oanfoljend oerlis, dan kin dat organisearre wurde.
De leden fan de NSC-fraksje lêze yn it advys fan DINGtiid oer de BFTK dat advisearre wurdt om monitoaring fan de BFTK ekstern te belizzen. Hoewol’t de minister wiidweidich yngiet op de wize fan monitoaring, troch ûnder oare yn te gean op it brûken fan de Taalatlas, giet er net yn op it dellizzen fan de monitoaring by in eksterne partij.
Hoe sjocht de minister nei dizze oanrekommandaasje en is er ree om dy út te fieren?
En as dat sa is, by wa en op grûn wêrfan soe monitoaring syn beslach krije moatte, ek sjoen it feit dat de Fryske Taalatlas gjin kompleet byld jout foar in folweardige evaluaasje?
Sjocht de minister de Taalatlas dan as in swier genôch ynstrumint?
Is de minister ek ree om by de tuskenevaluaasje te besjen op hokker ûnderwerpen noch konkrete doelstellings ûntbrekke?
Ik as minister fan BZK sjoch op it stuit gjin needsaak om de monitoaring fan de BFTK ekstern del te lizzen. Yn de Wet gebrûk Fryske taal is opnommen dat DINGtiid it ûnôfhinklike orgaan is dat tasjocht op de útfiering fan de BFTK. Dêrmei is foarsjoen yn in eksterne en ûnôfhinklike partij dy’t rapportearret en advisearret oer de útfiering fan de BFTK. Ek binne der tal fan oare maatregels yn útfiering dy’t helpe om it Fryske taalbelied te monitoarjen en evaluearjen (sjoch it antwurd op fraach 2). Hoe’t de monitoaring trochûntwikkele wurde kin, sil mei DINGtiid bepraat wurde by de tuskentiidske evaluaasje fan 2026. Dêrby komt ek oan de oarder hokker rol de Fryske Taalatlas spylje kin yn de evaluaasje. De Fryske Taalatlas monitoaret it gebrûk en de fitaliteit fan de Fryske taal yn Fryslân. It ûndersiket hoe faak en yn hokker kontekst minsken Frysk prate, skriuwe, lêze en ferstean. Ek sjocht de Atlas nei de hâlding fan minsken tsjin it Frysk oer en nei it taalgebrûk yn bygelyks it ûnderwiis en de media. Op grûn fan dy gegevens folget de Atlas de ûntwikkeling fan it Frysk troch de jierren hinne.
Op de fraach oft ik ree bin om te besjen op hokker ûnderwerpen noch konkrete doelstellings misse, ferwiis ik nei myn antwurd op fraach 2.
De leden fan de NSC-fraksje lêze ek dat DINGtiid advisearret om ta in stabile mjitynfrastruktuer te kommen.
Dielt de minister, sjoen de beheinings fan it hjoeddeistige ynstrumintarium, it advys om de mjitynfrastruktuer neier stal te jaan sadat de effektiviteit fan it taalbelied dúdliker sichtber wurdt?
En as dat sa is, hokker stappen oerwaget de minister en op hokker termyn kin de Keamer hjiroer ynformearre wurde?
It kabinet ûnderskriuwt it belang fan goede monitoaring en in stabile mjitynfrastruktuer. By de tuskentiidske evaluaasje fan de BFTK sille wy mei DINGtiid en de Provinsje yn petear oer hoe’t dy foarm jûn wurde kin. Ik ferwiis jo ek nei myn antwurd op fraach 2. Oer de útkomsten fan tuskentiidske evaluaasje fan de BFTK yn 2026 wurdt Jo Keamer fansels ynformearre.
De leden fan de NSC-fraksje lêze dat der klam lein wurdt op it belang fan boargerpartisipaasje foar it meitsjen fan suksesfol taalbelied. Dizze leden ûnderskriuwe dat folslein, mar lêze tagelyk dat de minister yn de oanrin nei de tuskentiidske rapportaazje fan de BFTK ferkenne sil hokker mooglikheden der binne om Fryske ynwenners te belûken by de útfiering.
Sjocht de minister in rol weilein foar Stim Fan Fryslân?
Wannear wurdt de Keamer hjiroer ynformearre,
en hokker opsjes foar boargerpartisipaasje hat de minister no al yn byld?
Kin de minister neier tsjutting jaan op hokker punten oft er yn de útfiering mooglikheden sjocht om in foarm fan partisipaasje yn te setten?
Sa’t ik koartlyn noch steld haw yn myn brief Meedoen in samenleving en democratie3 (Meidwaan yn maatskippij en demokrasy) fan 18 juny lêstlyn, fyn ik it wichtich om de krêft fan de mienskip te fuortsterkjen en inisjativen fan ynwenners te benuttigjen. Dat jildt ek foar inisjativen dy’t de Fryske taal beskermje en fitalisearje. It kabinet tinkt dat Stim Fan Fryslân in wichtige rol spylje kin yn it belûken fan Fryske ynwenners by de útfiering fan de BFTK. Ryk en Provinsje sille dêrom yn oerlis oer hoe’t Fryske ynwenners fia Stim Fan Fryslân belutsen wurde kinne by de útfiering en evaluaasje fan de BFTK 2024-2028. Dêrby beprate wy ek hokker oare foarmen brûkt wurde kinne om Fryske ynwennersinisjativen de romte te jaan en ynwenners te belûken by de útfiering en evaluaasje. De Provinsje nimt as Taalskipper it foartou yn it belûken fan de maatskippij by de útfiering en evaluaasje fan de ôfspraken. Stim fan Fryslân sil ynset wurde troch it Steatekomitee Frysk om langetermyndoelstellings foar it Frysk te formulearjen. Ek sil it brûkt wurde troch de Provinsje om de Fryske befolking te ynformearjen oer de BFTK en harren rol deryn. Dêrneist sykje ik by de ynrjochting fan de Lanlike Kennistafel Frysk mei Dingtiid en de Provinsje nei nije wizen foar in goede en represintative ynbring fan Fryske ynwenners en it Fryske fjild oan tafel.
De leden fan de NSC-fraksje lêze yn it advys fan DINGtiid dat hja har advyswurk yn dit BFTK-proses net optimaal útfiere kinnen hat en advisearret dêrta yn kêst 5 en 6 fan de BFTK fêst te lizzen dat DINGtiid yn gefal fan it tuskentiids wizigjen respektyflik beëinigjen fan de ôfspraken earst frege wurdt om te advisearjen wat dat foar it Frysk betsjut.
Deelt de minister dizze opfetting fan DINGtiid,
en as dat sa is, oerwaget er neist de oanrekommandaasje fan DINGtiid noch oare stappen om de posysje fan DINGtiid sterker te boargjen yn it BFTK-proses?
It kabinet hechtet in soad wearde oan de ûnôfhinklike advizen fan DINGtiid en fynt it fan grut belang dat DINGtiid yn steat steld wurdt om har wetlike advisearjende taak optimaal útfiere te kinnen. It kabinet ûnderskriuwt it belang fan in goede posysje fan DINGtiid yn it BFTK-proses, sadat hja har wetlike advystaak effektyf útfiere kin.
By it ta stân kommen fan de hjoeddeiske BFTK die bliken dat it advys wie om dat foar de ûndertekening fan de BFTK fan in reaksje te foarsjen. Dêrom binne BZK, de Provinsje en DINGtiid oerienkommen dat DINGtiid by it ta stân kommen fan in folgjend bestjoersakkoart har formele advys oer it belied op haadlinen útbringe sil oan de start en net by it definitive konsept fan de BFTK. Dêrmei garandearje wy genôch tiid om it advys fan DINGtiid te ymplemintearjen wêr dat fan tapassing is. Yn de besteande BFTK is ûnder kêst 5 yn de slotbepalingen de wetlike rol fan DINGtiid taljochte. Ik sjoch dêrom foarearst gjin oanlieding kêst 5 of 6 fan de BFTK oan te passen.
De leden fan de D66-fraksje hawwe kennis nommen fan de soarchlike konklúzje fan DINGtiid dat it besteande BFTK-proses ta in te hege wurkdruk liedt. DINGtiid docht in tal foarstellen om it proses te streamlynjen. Dizze leden freegje hoe’t de minister dêr útfiering oan jout.
Is ûnderwilens by beide oerheden boarge dat der genôch strukturele personiele ynset en kontinuïteit fan kennis oanwêzich is?
En hoe reflektearret de minister op de posysje fan DINGtiid yn it BFTK-proses?
Understreket de minister it belang fan in lykweardige rol fan Ryk en Provinsje oangeande DINGtiid en oarsom?
En as dat sa is, wat sil de minister dwaan om dat te bewurkmasterjen?
Foar jo fraach oer strukturele personiele ynset en kontinuïteit fan kennis ferwiis ik jo nei myn antwurd op fraach 6.
It kabinet hechtet in soad wearde oan de ûnôfhinklike advizen fan DINGtiid en fynt it fan grut belang dat DINGtiid yn steat steld wurdt om har wetlike advisearjende taak optimaal útfiere te kinnen. It kabinet wurdearret DINGtiid en ûnderskriuwt it belang fan in goede posysje fan DINGtiid yn it BFTK-proses. It kabinet set him yn om tegearre mei de Provinsje derfoar te soargjen dat DINGtiid op tiid en struktureel by it BFTK-proses belutsen wurdt, sadat hja har wetlike advystaak effektyf útfiere kin. Yn it ferfolch fan it BFTK-proses sil it kabinet yn gearspraak mei de Provinsje en DINGtiid derfoar soargje dat DINGtiid sa posisjonearre wurdt dat har advisearjende rol altyd garandearre wurdt. Op de fraach wat ik doch om in goede posysje fan Dingtiid yn it hjoeddeiske BFTK-proses te bewurkstelligjen, ferwiis ik jo nei myn antwurd op fraach 10.
It falt de leden fan de ChristenUnie-fraksje op dat de minister yn syn brief net folle erkenning jout oan de konklúzje fan DINGtiid dat it hjoeddeiske BFTK-proses ta in te hege wurkdruk liedt. Dizze leden binne benijd
oft de minister op ’e hichte is fan dizze hege wurkdruk,
en oft der konkrete plannen binne om dizze wurkdruk te ferleegjen en it BFTK-proses te streamlynjen om foar te kommen dat neamde plannen en advizen ûnútfierber wurde.
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 6.
De leden fan de BBB-fraksje lêze dat mei de BFTK 2024-2028 de ynset foar it beskermjen en befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer fuortsterke wurdt. Hja konstatearje dat it Ryk dêrfoar achttjin miljoen euro beskikber stelt.
Dizze leden freegje oft dit bedrach as tarikkend sjoen wurdt,
en op hokker wize de ferdieling fan de middels foarmjûn wurdt, sadat dy effektyf bydrage oan de doelen dy’t steld binne.
De beskikber stelde middels wurde as tarikkend sjoen om de ferhege ambysje dy’t wy yn de BFTK útsprutsen hawwe ta útfiering te bringen. De wize fan ferdieling is fêstlein yn de BFTK. It gros fan de jilden sil fia it Provinsjefûns nei de Provinsje Fryslân distribuearre wurde.
De leden fan de BBB-fraksje lêze dat boargerpartisipaasje in wichtige pylder foarmet binnen de BFTK.
Dizze leden stypje inisjativen lykas Stim fan Fryslân en freegje op hokker wize Fryske ynwenners struktureel belutsen bliuwe by de útfiering en evaluaasje fan de ôfspraken.
Dêrneist freegje hja hoe’t jongerein, mei troch it inisjatyf fan de Asega’s, noch aktiver belutsen wurde kinne by it Fryske taalbelied.
Ik bin fan betinken dat jongerein in wichtige stim hawwe moatte yn de takomst fan it Fryske taalbelied. It inisjatyf fan de Asega’s lit sjen hoe’t jongerein bydrage kinne oan it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Ik sjoch dêryn kânsen om jongerein net allinnich ynsidinteel, mar struktureel te belûken. Dêrom sil ik yn petear mei DINGtiid, de Provinsje Fryslân en oare relevante partners oer hoe’t we jongerein mear romte jaan kinne om noch aktiver en mei mear betsjutting by te dragen oan it beskermjen en befoarderjen fan de Fryske taal. Dêrby wiis ik ek op de okkerdeis ferskynde Handreiking Kinder- en Jongerenparticipatie 20254 (Hantrekken Berne- en Jongereinpartisipaasje) as útgongspunt. Dit hantrekken is okkerdeis beskikber steld fia it kennisplatfoarm www.lokale-democratie.nl en biedt konkrete boustiennen om jongerein op in duorsume wize te belûken by belied, ek op it mêd fan taal en kultuer. Ik wol ferkenne hoe’t wy dy ynsichten oersette kinne nei de Fryske kontekst, sadat jongerein har echt eigener fiele kinne fan it taalbelied en meibouwe kinne oan in takomst wêryn’t it Frysk libbet ûnder alle generaasjes. Foar in antwurd op de fraach wêr’t ik kânsen sjoch om de krêft fan de hiele Fryske mienskip better te brûken, ferwiis ik jo ek nei myn antwurd op fraach 9.
De leden fan de BBB-fraksje freegje om ferdúdliking oer de monitoaring en evaluaasje fan de BFTK. Dizze leden lêze dat dêrby de Fryske Taalatlas en de njoggen pylders fan it UNESCO-taalfitaliteitsmodel brûkt wurde.
Hja freegje hoe’t dy ynstruminten konkreet bydrage oan it mjitten fan de fuortgong en oft oanfoljende metoaden oerwage wurde om it effekt fan it belied skerper yn kaart te bringen.
Dêrneist freegje hja oft it wol foldwaande is dat Provinsje en Ryk mar twa kear yn it jier oerlis hawwe.
Ek freegje hja oft it net te lang duorret as de evaluaasje pas yn 2026 útfierd wurdt.
By de tuskentiidske evaluaasje monitoarje wy de fuortgong fan de maatregels. De monitoaring fan de BFTK bart yn in twajierliks oerlis tusken it Ryk en de Provinsje, wêrby’t ek DINGtiid rieplachte wurde sil. Yn dit oerlis beprate de partijen de fuortgong fan de útfiering fan de ôfspraken en it effekt dêrfan op de fitaliteit fan it Frysk. Dêrby sjogge wy ek nei de njoggen pylders fan it taalfitaliteitsmodel fan UNESCO, lykas omskreaun yn haadstik 1 fan de BFTK. Foar de nedige sifers wurdt gebrûk makke fan de Fryske Taalatlas, dy’t elke fjouwer jier ferskynt. De Taalatlas folget de trends yn it brûken fan it Frysk, wylst de njoggen pylders fan UNESCO ynsicht jouwe yn de fitaliteit fan de taal en de ympakt fan it belied. Dêrneist binne wy yn petear mei DINGtiid oer mooglike oanfoljende metoades foar monitoaring en evaluaasje. Lykas earder oanjûn, sille it Ryk en de Provinsje by de tuskentiidske evaluaasje yn 2026 besjen hoe’t de monitoaring fierder ûntwikkele wurde kin. Foar jo fraach oer de effektiviteit fan it taalbelied ferwiis ik jo nei myn antwurd op fraach 2.
Provinsje en Ryk hawwe geregeld oerlis oer de Fryske taal en de fuortgong fan de BFTK. Neist it amtlike ynterdepartemintale oerlis dat it Ryk twa kear yn it jier mei de Provinsje fiert, hat de dossierhâlder Frysk alle wiken amtlik oerlis mei de Provinsje. Dêrneist fynt der, lykas fêstlein yn de BFTK, ien kear yn it jier in bestjoerlik oerlis plak tusken de minister en de deputearre.
De tuskentiidske evaluaasje fan 2026 is op ’e tiid pland. In eardere evaluaasje soe net sinfol wêze. Der is ommers earst tiid nedich om de yn de BFTK oankundige maatregels útfiere te kinnen. Pas dêrnei binne de earste effekten fan dizze maatregels te sjen en te mjitten.
Alderearst freegje de leden fan de CDA-fraksje hoe’t de minister útfiering jout oan de advizen fan DINGtiid om it BFTK-proses te streamlynjen. DINGtiid hat konkludearre dat it hjoeddeiske proses ta in te hege wurkdruk liedt en hat foarstellen dien om dit te ferbetterjen.
Dy leden wolle witte oft ûnderwilens by beide oerheden boarge is dat der genôch strukturele personiele ynset en kontinuïteit fan kennis oanwêzich is.
Dêrneist freegje hja oft de minister it belang fan in lykweardige rol fan Ryk en Provinsje yn de relaasje ta DINGtiid en oarsom ûnderstreket. DINGtiid hat oanjûn har wetlike advisearjende taak net optimaal útfiere te kinnen.
Hja wolle witte wat de minister dwaan sil om dit te bewurkmasterjen.
Foar it antwurd op de fraach oer strukturele personiele ynset en kontinuïteit fan kennis ferwiis ik nei myn antwurd op fraach 6. Foar de fraach oer in lykweardige rol fan Ryk en Provinsje yn de relaasje ta DINGtiid en wat ik dwaan sil om dit te bewurkmasterjen ferwiis ik jo nei myn antwurd op fraach 11.
Yn oanrin nei de BFTK hawwe in soad organisaasjes út it Fryske fjild wei belutsen west om ta in droegen bestjoersôfspraak te kommen. De leden fan de CDA-fraksje freegje oft de minister in oersjoch jaan kin fan it tiidpaad fan de ymplemintaasje fan de BFTK.
Hjirfoar ferwiis ik jo nei myn antwurd op fraach 3.
Underwiis
De leden fan de NSC-fraksje konstatearje dat de posysje fan it Nederlânsk yn de foarskoalske opfang dúdlik as wichtiger sjoen wurdt as it Frysk. It Nederlânsk is in ferplichting, it Frysk in opsje. Dêryn is de hjoeddeiske BFTK sels in efterútgong yn ferliking mei de taalsituaasje fan it Frysk op bygelyks Frysktalige berneopfanglokaasjes.
Untkent de minister dat dit sa is?
Is de minister fan betinken dat bern in lykweardige taalûntwikkeling yn beide talen fertsjinje?
Is de minister it mei ús iens dat lykweardigens wat oars is as gelikensens en dat krekt it Frysk stimulearre wurde moat om lykweardich wurde te kinnen?
Hokker maatregels nimt de minister om de lykweardige posysje fan beide talen yn de foarskoalske faze te befoarderjen en de efterútgong yn de praktyk op dit spesifike punt troch de BFTK werom te draaien?
It kabinet fynt it wichtich dat Friezen har yn harren taal útdrukke kinne en sa utering jaan kinne oan harren kultuer. Berneopfang dy’t foar in part Frysktalich is, kin dêr in weardefolle rol yn spylje. It kabinet ûnderskriuwt dat folslein. It kabinet stelt in goede behearsking fan ’e basisfeardichheden lêzen, skriuwen en rekkenjen as ien fan har prioriteiten. In goede behearsking fan it Frysk helpt om it Nederlânsk goed te learen en oarsom.
Bern yn Fryslân fertsjinje in goede basis yn sawol de Fryske as de Nederlânske taal. De Wet berneopfang biedt dêrom de mooglikheid om, njonken de Nederlânske taal, de Fryske taal of in streektaal dy’t yn libben gebrûk is, mei as fiertaal te brûken.
Wol makket it kabinet graach in dúdlik ûnderskied tusken berneopfang en foarskoalske edukaasje. Foarskoalske edukaasje is foar pjutten dy’t baat hawwe by ekstra stipe yn harren ûntwikkeling op it mêd fan taal, tariedend rekkenjen, motoryk, en sosjaal-emosjonele feardichheden. Dit draacht by oan in goede start op de basisskoalle. It doel, lykas yn de Wet Primêr Underwiis omskreaun is, is om bern mei in risiko op in efterstân yn de ûntwikkeling fan it Nederlânsk te helpen oan in goede basis yn de Nederlânske taal. Oanbieders fan foarskoalske edukaasje yn Fryslân moatte dan ek genôch romte binnen harren programma opnimme om oan dit doel te foldwaan. Tagelyk kin yn de provinsje Fryslân binnen de foarskoalske edukaasje ek it Frysk praat en oanbean wurde.
Foar berneopfang, net de foarskoalske edukaasje, folgje de fiertalen dy’t sprutsen wurde meie út de Wet Berneopvang. It kabinet ûnderskriuwt net dat de posysje fan Frysk en Nederlânsk yn dizze wet net lykweardich wêze soe. Beide talen meie sprutsen wurde yn de berneopfang, yn elke ferhâlding ta inoar. It Frysktalige oanbod mei dus omfangriker wêze dat it Nederlânsktalige oanbod. Dat biedt bernesintra en gemeenten binnen de provinsje Fryslân genôch romte om in folslein oanbod fan twatalige berneopfanglokaasjes op te setten. Lykweardigens betsjut lykwols net dat it Nederlânsk net mear fan belang is op bernesintra yn Fryslân. De ferplichting om ek it Nederlânsk oan te bieden, neist it Frysk, is dêrom in logyske. Dat stiet alhiel net yn it paad dat in grut part fan de opfangtiid yn it Frysk oanbean wurde kin.
De BFTK 2024-2028 biedt mooglikheden om it Frysk te stimulearjen en oan te bieden. Yn paragraaf 2.2 is beskreaun hokker stappen it Ryk set om it Frysk yn de foarskoalske perioade te befoarderjen. It Ryk hat bygelyks by de ymplemintaasje fan de taaleask Nederlânsk rekken hâlden mei it Frysk. Beropskrêften binnen de reguliere bernedeiopfang dy't allinne Frysk prate mei de bern, kinne kieze oft hja harren taalfeardigens yn de Nederlânske of yn de Fryske taal oantoane wolle. Foar it oare is it oan de bernesintra, gemeenten en de Provinsje sels.
De leden fan de fraksje GrienLinks-PvdA lêze yn de brief fan de minister dat der troch it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen (OCW) en de Provinsje Fryslân besletten is om foar de nije perioade fan de BFTK elk 125.000 euro beskikber te stellen foar de hbû-minor Fryske sjoernalistyk en media. Hjirby komme fragen op oer de finansiering fan dizze minor.
Is de ienmalige ynvestearring fan € 250.000 foldwaande of moatte hjir strukturele finansjele middels by komme?
Is de ienmalige ynvestearring foldwaande of moat dit om de safolle jier evaluearre en bystjoerd wurde?
Dizze leden hawwe fragen oft de minor sûnder dy ekstra finansjele middels bestean bliuwe kin. Graach krije hja hjir in refleksje op fan de minister.
Foar de rintiid fan de hjoeddeistige bestjoersôfspraak (4 jier) is der mei-inoar € 250.000 troch it Ryk en de Provinsje beskikber steld foar de hbû-minor Fryske sjoernalistyk en media oan de NHL Stenden Hegeskoalle. De minor is ôfrûne febrewaris úteinset. Der is dêrom op it stuit noch neat te sizzen oer de úteinlike resultaten fan de minor. Foar de folgjende bestjoersoerienkomst wurdt mei de tiid neigien of ekstra finansiering, boppe-op de reguliere bekostiging dy’t NHL Stenden Hegeskoalle ûntfangt út it ministearje fan OCW wei foar har ûnderwiis en ûndersyk, op ’e nij needsaaklik is.
De leden fan de NSC-fraksje lêze dat DINGtiid konkludearret dat der net folle gearhing sit yn de BFTK-fyzje op it ûnderwiis. DINGtiid befellet dêrom oan in aparte ûnderwiisnotysje op te stellen, wêryn’t de fyzje op it perspektyf fan de trochgeande learline fierder útwurke wurdt. De Provinsje hat dêrta it Taalplan Frysk 2030.
Dielt de minister de miening dat mei it heljen fan de doelen út it Taalplan Frysk 2030 noch neat sein is oer hoe goed oft de Fryske taal behearske wurdt, omdat de doelen benammen op oanbod rjochte binne?
Dielt de minister ek de miening dat der rom foar 2030 sicht wêze moat op in ferfolch fan Taalplan Frysk 2030 yn it ramt fan langetermyndoelen, sadat útfierende ynstânsjes en skoallen harren hjir op ynstelle kinne?
Dielt de minister ús miening dat in ferfolch doelen op behearsking befetsje moatte soe yn stee fan doelen op oanbod?
It kloppet dat de doelen yn it Taalplan Frysk 2030 har benammen rjochtsje op oanbod. Foar it behearskjen fan de Fryske taal is goed oanbod needsaaklik. Dêrfoar leit it Taalplan Frysk de basis. It Taalplan Frysk is, yn gearwurking mei taal- en ûnderwiisynstellings, in projekt fan de Provinsje Fryslân, net fan it Ryk. De steatssekretaris fan OCW kin dêrom gjin útspraken dwaan oer de doelen of oer it ferfolch fan it Taalplan. Parallel wurdt wol yn de rintiid fan de BFTK 2024-2028 wurke oan de nije kearndoelen foar it leargebiet Fryske taal en kultuer. De nije konseptkearndoelen rjochtsje har ek op behearsking en ûnderfining fan de learling. De konseptkearndoelen binne dêrneist konkreter en meitsje dúdliker wat learlingen kinne en witte moatte. De ambysje is dat alle learlingen yn de provinsje Fryslân mei de nije kearndoelen mear útdage en stimulearre wurde om feardiger te wurden yn it Frysk.
De leden fan de NSC-fraksje lêze yn de kabinetsreaksje dat der mei de nije BFTK troch it Ryk middels beskikber steld binne om mear leararen mei foech oan te stellen om les te jaan yn it Frysk. Dizze leden lêze ek yn it advys fan DINGtiid dat der oanbefelle wurdt om derfoar te soargjen dat op eltse skoalle fan it fuortset ûnderwiis it Frysk as kar-eksamenfak yn de boppebou oanbean wurdt. De minister reagearret lykwols net op dizze spesifike oanrekommandaasje en jout allinnich oan dat de middels drompelferleegjend wurkje kinne.
Kin de minister dit neier tsjutte?
Dielt er de oanbefelling fan DINGtiid,
en as dat sa is, hoe en op hokker termyn kin dit realisearre wurde?
De steatssekretaris fan OCW dielt de miening dat it oanbieden fan it Frysk as kar-eksamenfak yn de boppebou stimulearre wurde moat. Mar dit is oan de skoallen sels en kin net ferplichte wurde. Dêrneist is it tekoart oan dosinten Frysk mei foech in drompel foar skoallen om it fak Frysk oanbiede te kinnen. It oanbieden fan it Frysk as (eksamen)fak wurdt dêrom stimulearre troch te ynvestearjen yn dosinten Frysk mei de ekstra middels dy’t frijkommen binne mei de nije BFTK. Soks kin bydrage oan de mooglikheid foar skoallen om it Frysk wol as (kar-eksamen)fak oan te bieden. Ek is de Provinsje Fryslân hjiroer yn petear mei skoalbestjoeren om it oanbod yn sawol de ûnder- as boppebou te fuortsterkjen.
De leden fan de NSC-fraksje lêze dat DINGtiid kritysk is op de fraze yn de BFTK: “Skoallen dy't fmbû-ûnderwiis oanbiede, kinne by it ministearje fan OCW offisjeel tastimming oanfreegje foar it opnimmen fan it leargebiet Fryske taal en kultuer binnen it profyl fan de learlingen.”
Dielt de minister it stânpunt fan DINGtiid dat der gjin ûnwinsklike administrative drompel oplein wurde moat oan it fmbû foar it opnimmen fan it leargebiet Fryske taal en kultuer?
De steatssekretaris fan OCW dielt de miening dat der gjin ûnwinsklike administrative drompels oplein wurde moatte oan skoallen dy’t it leargebiet Fryske taal en kultuer op it fmbû oanbiede wolle. Op it stuit is it freegjen fan tastimming lykwols om praktyske redenen net oer te kommen.
De beropsrjochte learlinen fan it fmbû hawwe tsien ûnderskate beropsrjochte profilen, lykas Bouwen, Wenjen en Ynterieur (BWI), Hoareka, Bakkerij en Rekreaasje (HBR) en Soarch en Wolwêzen (Z&W). By elk profyl hearre twa of mear profylbûne algemien foarmjende fakken. Learlingen mei in technysk profyl dogge bygelyks eineksamen yn wiskunde en NASK1. Learlingen soarch & wolwêzen dogge eineksamen yn biology en kieze in twadde fak út wiskunde, ierdrykskunde, skiednis of maatskippijkunde. Op it stuit is Frysk yn net ien fan de beropsrjochte profilen in profylkarfak. As de skoalle Frysk oanbiede wol binnen de profilen, dan sil it ien fan de reguliere eksamenfakken ferfange moatte. De skoalle hat in ûntheffing nedich fan it ministearje om dit dwaan te kinnen. De skoalle kin Frysk wol as in ekstra fak oanbiede, mar net elke learling is yn steat om in ekstra fak te folgjen.
Op it stuit ferkent de steatssekretaris fan OCW de fmbû-profilen yn de boppebou fan it fuortset ûnderwiis. Ien fan de ûnderdielen fan dy ferkenning is oft de yn de Wet op it fuortset ûnderwiis foarskreaune algemiene fakken per profyl, profylfakken loslitten wurde kinne. De learlingen soene dan twa fakken kieze kinne út in list fan trochstreamrelevante fakken. Foar de Fryske skoallen soe it fak Frysk oan dizze list taheakke wurde kinne. Ein 2025 stjoert de steatssekretaris syn ferkenning nei de Twadde Keamer. Dan giet er ek yn op de posysje fan it Frysk yn it fmbû.
De leden fan de NSC-fraksje lêze yn de kabinetsreaksje dat binnen it berik fan it amendemint-Soepboer (36410 VIII, nr. 52) Firda in praktoraat útfiert en opstelt. Dêrby jout de minister oan dat Firda alle romte krijt om in eigen ûndersyksaginda yn te rjochtsjen.
Hoe aktyf sille it Ryk en de Provinsje bliuwe yn de monitoaring en eventuele bystjoering fan it praktoraat?
It ministearje fan OCW is aktyf belutsen by it monitoarjen fan it praktoraat fan Firda. Yn oerienstimming mei de subsydzjeôfspraken wurde de ûntjouwingen fjouwer kear jiers besprutsen. Dêrneist leveret Firda alle jierren in fuortgongsrapportaazje oer de realisaasje, ynklusyf eventuele ôfwikingen neffens it aktiviteiteplan en/of de begrutting. Hjirtroch kin OCW as it nedich is bystjoere.
De leden fan de D66-fraksje fine it fan grut belang dat der in yntegrale fyzje en ambysje is foar it Fryske taalûnderwiis, de kennisynfrastruktuer foar de Fryske taal en kultuer en in trochrinnende learline fan pjut oant promovendus. DINGtiid konkludearret dat der net in soad gearhing sit yn de BFTK-fyzje op it ûnderwiis. Dy leden binne harren derfan bewust dat it foech foar it ûnderwiis benammen by de Provinsje Fryslân dellein is, mar freegje de minister om reewilligens wêr mooglik te stypjen om it bêste ûnderwiis te realisearjen.
Dielt de minister de soarch dat de ûnderwiisdoelen yn de BFTK ek bûten sicht driigje te reitsjen as de doelen fan it Taalplan Frysk 2030 net helle wurde?
Fansels wolle de steatssekretaris en de minister fan OCW wêr nedich stipe biede om it bêste ûnderwiis te realisearjen. Dêrom binne de BFTK 2024-2028 en it Taalplan Frysk 2030 nau oaninoar ferbûn. De doelen yn it Taalplan Frysk wiene it útgongspunt foar it meitsjen fan nije bestjoersôfspraken tusken Ryk en Provinsje yn it ta stân kommen fan de nije BFTK. En it doel om te ynvestearjen yn dosinten Frysk út de BFTK draacht by oan it doel fan it Taalplan om yn 2030 it fak Frysk oan te bieden op alle skoallen en op alle nivo’s. Ryk en Provinsje wurkje der elk yn harren eigen rol en belutsenens oan om de doelen út sawol de BFTK as it Taalplan Frysk te heljen. As de doelen fan it Taalplan Frysk 2030 net helle wurde, betsjut dat net dat de ûnderwiisdoelen fan de BFTK út it sicht driigje te reitsjen. Mei de ûndertekening fan de BFTK hawwe sawol Ryk as Provinsje harren hjir úteinlik ta ferplichte.
De minister stelt it Frysk en it Nederlânsk as lykweardige talen yn de provinsje Fryslân te sjen. De leden fan de D66-fraksje sjogge yn hoe’t der mei de foarskoalske opfang omgien wurdt lykwols in ynkonsistinsje. It Nederlânsk is yn de foarskoalske opfang in ferplichting, it Frysk in opsje. Dizze leden fine dat net út te lizzen as in lykweardige posysje foar beide talen.
Is de minister fan betinken dat bern yn Fryslân in lykweardige taalûntwikkeling yn beide talen fertsjinje?
Hokker maatregels nimt de minister om de gelikense posysje fan beide talen yn de foarskoalske faze te befoarderjen?
Sjocht de minister de mearwearde foar de taalbefoardering fan meartalich opgroeien, krekt om taalefterstannen fuort te nimmen?
Achtet de minister de posysje fan it Frysk yn de foarskoalske opfang fan belang?
It kabinet fynt it wichtich dat Friezen har yn harren taal útdrukke kinne en sa utering jaan kinne oan harren kultuer. Berneopfang dy’t foar in part Frysktalich is, kin dêr in weardefolle rol yn spylje. It kabinet ûnderskriuwt dat folslein. It kabinet stelt in goede behearsking fan ’e basisfeardichheden lêzen, skriuwen en rekkenjen as ien fan har prioriteiten. In goede behearsking fan it Frysk helpt om it Nederlânsk goed te learen en oarsom.
Bern yn Fryslân fertsjinje in goede basis yn sawol de Fryske as de Nederlânske taal. De Wet berneopfang biedt dêrom de mooglikheid om, njonken de Nederlânske taal, de Fryske taal of in streektaal dy’t yn libben gebrûk is, mei as fiertaal te brûken.
Wol makket it kabinet graach in dúdlik ûnderskied tusken berneopfang en foarskoalske edukaasje. Foarskoalske edukaasje is foar pjutten dy’t baat hawwe by ekstra stipe yn harren ûntwikkeling op it mêd fan taal, tariedend rekkenjen, motoryk, en sosjaal-emosjonele feardichheden. Dit draacht by oan in goede start op de basisskoalle. It doel, lykas yn de Wet Primêr Underwiis omskreaun is, is om bern mei in risiko op in efterstân yn de ûntwikkeling fan it Nederlânsk te helpen oan in goede basis yn de Nederlânske taal. Oanbieders fan foarskoalske edukaasje yn Fryslân moatte dan ek genôch romte binnen harren programma opnimme om oan dit doel te foldwaan. Tagelyk kin yn de provinsje Fryslân binnen de foarskoalske edukaasje ek it Frysk praat en oanbean wurde.
Foar berneopfang, net de foarskoalske edukaasje, folgje de fiertalen dy’t sprutsen wurde meie út de Wet Berneopvang. It kabinet ûnderskriuwt net dat de posysje fan Frysk en Nederlânsk yn dizze wet net lykweardich wêze soe. Beide talen meie sprutsen wurde yn de berneopfang, yn elke ferhâlding ta inoar. It Frysktalige oanbod mei dus omfangriker wêze dat it Nederlânsktalige oanbod. Dat biedt bernesintra en gemeenten binnen de provinsje Fryslân genôch romte om in folslein oanbod fan twatalige berneopfanglokaasjes op te setten. Lykweardigens betsjut lykwols net dat it Nederlânsk net mear fan belang is op bernesintra yn Fryslân. De ferplichting om ek it Nederlânsk oan te bieden, neist it Frysk, is dêrom in logyske. Dat stiet alhiel net yn it paad dat in grut part fan de opfangtiid yn it Frysk oanbean wurde kin.
De BFTK 2024-2028 biedt mooglikheden om it Frysk te stimulearjen en oan te bieden. Yn paragraaf 2.2 is beskreaun hokker stappen it Ryk set om it Frysk yn de foarskoalske perioade te befoarderjen. It Ryk hat bygelyks by de ymplemintaasje fan de taaleask Nederlânsk rekken hâlden mei it Frysk. Beropskrêften binnen de reguliere bernedeiopfang dy't allinne Frysk prate mei de bern, kinne kieze oft hja harren taalfeardigens yn de Nederlânske of yn de Fryske taal oantoane wolle. Foar it oare is it oan de bernesintra, gemeenten en de Provinsje sels.
De leden fan de D66-fraksje fine it fan belang dat alle Fryske bern harren eigen memmetalen goed leare kinne.
Dielt de minister it stânpunt fan DINGtiid dat der gjin ûnwinsklike administrative drompel oplein wurde moat oan fmbû-skoallen foar it opnimmen fan it leargebiet Fryske taal en kultuer?
De steatssekretaris fan OCW dielt de miening dat der gjin ûnwinsklike administrative drompels oplein wurde moatte oan skoallen dy’t it leargebiet Fryske taal en kultuer op it fmbû oanbiede wolle. Op it stuit is it freegjen fan tastimming lykwols om praktyske redenen net oer te kommen.
De beropsrjochte learlinen fan it fmbû hawwe tsien ûnderskate beropsrjochte profilen, lykas Bouwen, Wenjen en Ynterieur (BWI), Hoareka, Bakkerij en Rekreaasje (HBR) en Soarch en Wolwêzen (Z&W). By elk profyl hearre twa of mear profylbûne algemien foarmjende fakken. Learlingen mei in technysk profyl dogge bygelyks eineksamen yn wiskunde en NASK1. Learlingen soarch & wolwêzen dogge eineksamen yn biology en kieze in twadde fak út wiskunde, ierdrykskunde, skiednis of maatskippijkunde. Op it stuit is Frysk yn net ien fan de beropsrjochte profilen in profylkarfak. As de skoalle Frysk oanbiede wol binnen de profilen, dan sil it ien fan de reguliere eksamenfakken ferfange moatte. De skoalle hat in ûntheffing nedich fan it ministearje om dit dwaan te kinnen. De skoalle kin Frysk wol as in ekstra fak oanbiede, mar net elke learling is yn steat om in ekstra fak te folgjen.
Op it stuit ferkent de steatssekretaris fan OCW de fmbû-profilen yn de boppebou fan it fuortset ûnderwiis. Ien fan de ûnderdielen fan dy ferkenning is oft de yn de Wet op it fuortset ûnderwiis foarskreaune algemiene fakken per profyl, profylfakken loslitten wurde kinne. De learlingen soene dan twa fakken kieze kinne út in list fan trochstreamrelevante fakken. Foar de Fryske skoallen soe it fak Frysk oan dizze list taheakke wurde kinne. Ein 2025 stjoert de steatssekretaris syn ferkenning nei de Twadde Keamer. Dan giet er ek yn op de posysje fan it Frysk yn it fmbû.
De leden fan D66:
Ynkoarten komt de Ryksuniversiteit Grins (RUG) mei in nije bachelor Frysk.
Dizze leden freegje de minister oft er tasizze kin dat der in folweardige (180 stúdzjepunten/ECTS), duorsume en tagonklike bachelor Frysk komt?
De ministers fan OCW en BZK hawwe der goed fertrouwen yn dat de bachelor Frysk yn de kommende jierren realisearre wurdt oan de Rykuniversiteit Grins (RUG). De RUG wurket hurd oan de fierdere ûntwikkeling fan in folweardich, duorsum en tagonklik bachelorprogramma Frysk. In bachelor yn it wû bestiet neffens de wet út 180 ECTS.
De leden fan de BBB-fraksje freegje omtinken foar de strukturele boarging fan de Fryske taal binnen it ûnderwiis. Dizze leden stypje de oanrekommandaasje fan DINGtiid om de ûnderwiisambysjes foar it Frysk op alle nivo’s yn gearhing te beskôgjen.
Hja freegje hoe’t it kabinet de trochgeande learline foar it Frysk konkreet fersterkje wol,
en hokker maatregels troffen wurde om it fak Frysk oantrekliker te meitsjen foar studinten en dosinten.
It kabinet ûnderskriuwt it belang om de ûnderwiisambysjes foar it Frysk op alle nivo’s yn gearhing te beskôgjen en om de trochgeande learline te fuortsterkjen. De trochgeande learline wurdt de kommende jierren fuortsterke troch it oanbod fan it Frysk fierder te fasilitearjen op alle nivo’s fan it ûnderwiis. Dat oanbod wurdt stimulearre troch de ekstra strukturele en ynsidintele middels dy’t takend binne foar ferskillende lagen yn it ûnderwiis. Ek wurde yn de rintiid fan de BFTK 2024-2028 de kearndoelen en eintermen foar it leargebiet Fryske taal en kultuer aktualisearre foar it primêr en fuortset ûnderwiis. Dêrby binne gearhing en de trochgeande learline wichtige útgongspunten.
De Provinsje oriïntearret har op it stuit op mooglike maatregels om it fak Frysk oantrekliker te meitsjen foar studinten en dosinten. Der wurdt tocht oan it bieden fan in fergoeding foar de kosten foar om- of byskoaljen, begelieding fan dosinten of it opsetten fan in lear- en ûntwikkelfûns. Hjirfoar folget in plan fan oanpak. Ek wurde besteande aktiviteiten trochset en yntinsivearre. Dêrby giet it om lessen Frysk op de pabû, ynset op de learare-oplieding Frysk, ynset op oplieding en begelieding fan taalkoördinatoaren en neiskoallingsoanbod foar dosinten.
Fierder konstatearje de leden fan de BBB-fraksje dat DINGtiid derop wiist dat der te min gearhing sit yn de BFTK-fyzje op it ûnderwiis en dat DINGtiid dêrom foarstelt om in aparte ûnderwiisnotysje op te stellen. Hja wize derop dat de Provinsje Fryslân mei it Taalplan Frysk 2030 al in gearhingjende ûnderwiisfyzje ûntwikkele hat foar de trochrinnende learline fan de Fryske taal en dat de Provinsje boppedat in wichtige bestjoerlike ferantwurdlikheid draacht foar it Fryske taalûnderwiis.
Dizze leden freegje de minister dêrom om te befêstigjen dat it Taalplan Frysk 2030 de liedende ûnderwiisnotysje is foar it Fryske taalûnderwiis.
Dêrneist fernimme se graach oft de minister de soarch dielt dat it net beheljen fan de doelen út it Taalplan Frysk 2030 derta liede kinne soe dat ek de ûnderwiisdoelen fan de BFTK bûten berik reitsje.
De BFTK en it Taalplan Frysk foarmje tegearre de liedende ûnderwiisnotysje foar it Fryske taalûnderwiis. De doelen yn it Taalplan Frysk wiene it útgongspunt foar it meitsjen fan nije bestjoersôfspraken tusken Ryk en Provinsje yn it ta stân kommen fan de nije BFTK. En it doel om te ynvestearjen yn dosinten Frysk út de BFTK draacht by oan it doel fan it Taalplan om yn 2030 it fak Frysk oan te bieden op alle skoallen en op alle nivo’s. Ryk en Provinsje wurkje der elk yn harren eigen rol en belutsenens oan om de doelen út sawol de BFTK as it Taalplan Frysk te heljen. As de doelen fan it Taalplan Frysk 2030 net helle wurde, betsjut dat net dat de ûnderwiisdoelen fan de BFTK út it sicht driigje te reitsjen. Mei de ûndertekening fan de BFTK hawwe sawol Ryk as Provinsje harren hjir úteinlik ta ferplichte. Foar jo fraach oer it net beheljen fan de doelen út it Taalplan Frysk ferwiis ik jo nei it antwurd op fraach 24.
As lêste wize de leden fan de BBB-fraksje op it belang fan in strukturele ferankering fan de Fryske taal yn de learare-opliedings. Hja stelle foar om foar studinten dy’t harren oplieding yn Ljouwert folgje, de Fryske taal op te nimmen yn it ûnderwiisprogramma. Yn it ferline waard sein dat dit in drompel foarmje kinne soe foar studinten fan bûten de provinsje, mar yn oare Europeeske regio’s mei lytsere talen blykt dat krekt in fanselssprekkendheid en suksesfol ûnderdiel fan de oplieding te wêzen. Dizze leden binne fan betinken dat it opnimmen fan de Fryske taal net allinnich bydraacht oan learkrêften mei genôch foech, mar ôfstudearren ek in ekstra kwalifikaasje biedt dy’t harren in sterkere posysje jout op de arbeidsmerk.
Hja freegje de minister dêrom hoe’t hy tsjin dit foarstel oansjocht en oft hy ree is om te ûndersykjen hoe’t dit struktureel ynfierd wurde kin.
By de learare-oplieding Frysk oan NHL Stenden Hegeskoalle op de lokaasje Ljouwert, hat it Frysk as doel-, fier- en ynstruksjetaal fansels in strukturele rol. Dêrneist foldogge sawol de pabû, twaddegraads- en earstegraads-learare-opliedings oan de stelde kennisbases. Frysk is yntegraal ûnderdiel fan de opliedings. NHL Stenden Hegeskoalle hantearret dêrnjonken trije fiertalen yn harren organisaasje: it Nederlânsk, it Frysk en it Ingelsk. De hegeskoalle set him dêrnjonken yn foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal binnen harren organisaasje, troch bygelyks it oanbieden fan kursussen Frysk oan net-Frysktalige meiwurkers en in ferdjippingskursus Frysk foar Frysktalige meiwurkers. Yn it algemien jildt dat hegeskoallen en universiteiten neffens de Wet op heger ûnderwiis en wittenskip de autonomy hawwe oer de ynhâld, foarm en opset fan harren ûnderwiis.
Op it mêd fan ûnderwiis freegje de leden fan de CDA-fraksje oft de minister ûnderstreket dat it Taalplan Frysk 2030 de liedende ûnderwiisnotysje is foar it Fryske taalûnderwiis. Hja meitsje harren soargen dat de ûnderwiisdoelen yn de BFTK ek bûten sicht driigje te reitsjen as de doelen fan it Taalplan Frysk 2030 net helle wurde.
De BFTK en Taalplan Frysk foarmje tegearre de liedende ûnderwiisnotysje foar it Fryske taalûnderwiis. De doelen yn it Taalplan Frysk wiene it útgongspunt foar it meitsjen fan nije bestjoersôfspraken tusken Ryk en Provinsje yn it ta stân kommen fan de nije BFTK. En it doel om te ynvestearjen yn dosinten Frysk út de BFTK draacht by oan it doel fan it Taalplan om yn 2030 it fak Frysk oan te bieden op alle skoallen en op alle nivo’s. Ryk en Provinsje wurkje der elk yn harren eigen rol en belutsenens oan om de doelen út sawol de BFTK as it Taalplan Frysk te heljen. As de doelen fan it Taalplan Frysk 2030 net helle wurde, betsjut dat net dat de ûnderwiisdoelen fan de BFTK út it sicht driigje te reitsjen. Mei de ûndertekening fan de BFTK hawwe sawol Ryk as Provinsje harren hjir úteinlik ta ferplichte.
Yn de foarskoalske faze wurdt de posysje fan it Nederlânsk wichtiger achte as it Frysk. De leden fan de CDA-fraksje freegje,
hokker maatregels de minister nimt om de gelikense posysje fan beide talen yn de foarskoalske faze te befoarderjen.
Dizze leden wolle witte oft de minister de mearwearde sjocht foar de taalbefoardering fan meartalich opgroeien, krekt om taalefterstannen fuort te nimmen, en oft de minister de posysje fan it Frysk yn de foarskoalske opfang fan belang achtet.
It kabinet fynt it wichtich dat Friezen har yn harren taal útdrukke kinne en sa utering jaan kinne oan harren kultuer. Berneopfang dy’t foar in part Frysktalich is, kin dêr in weardefolle rol yn spylje. It kabinet ûnderskriuwt dat folslein. It kabinet stelt in goede behearsking fan ’e basisfeardichheden lêzen, skriuwen en rekkenjen as ien fan har prioriteiten. In goede behearsking fan it Frysk helpt om it Nederlânsk goed te learen en oarsom.
Bern yn Fryslân fertsjinje in goede basis yn sawol de Fryske as de Nederlânske taal. De Wet berneopfang biedt dêrom de mooglikheid om, njonken de Nederlânske taal, de Fryske taal of in streektaal dy’t yn libben gebrûk is, mei as fiertaal te brûken.
Wol makket it kabinet graach in dúdlik ûnderskied tusken berneopfang en foarskoalske edukaasje. Foarskoalske edukaasje is foar pjutten dy’t baat hawwe by ekstra stipe yn harren ûntwikkeling op it mêd fan taal, tariedend rekkenjen, motoryk, en sosjaal-emosjonele feardichheden. Dit draacht by oan in goede start op de basisskoalle. It doel, lykas yn de Wet Primêr Underwiis omskreaun is, is om bern mei in risiko op in efterstân yn de ûntwikkeling fan it Nederlânsk te helpen oan in goede basis yn de Nederlânske taal. Oanbieders fan foarskoalske edukaasje yn Fryslân moatte dan ek genôch romte binnen harren programma opnimme om oan dit doel te foldwaan. Tagelyk kin yn de provinsje Fryslân binnen de foarskoalske edukaasje ek it Frysk praat en oanbean wurde.
Foar berneopfang, net de foarskoalske edukaasje, folgje de fiertalen dy’t sprutsen wurde meie út de Wet Berneopvang. It kabinet ûnderskriuwt net dat de posysje fan Frysk en Nederlânsk yn dizze wet net lykweardich wêze soe. Beide talen meie sprutsen wurde yn de berneopfang, yn elke ferhâlding ta inoar. It Frysktalige oanbod mei dus omfangriker wêze dat it Nederlânsktalige oanbod. Dat biedt bernesintra en gemeenten binnen de provinsje Fryslân genôch romte om in folslein oanbod fan twatalige berneopfanglokaasjes op te setten. Lykweardigens betsjut lykwols net dat it Nederlânsk net mear fan belang is op bernesintra yn Fryslân. De ferplichting om ek it Nederlânsk oan te bieden, neist it Frysk, is dêrom in logyske. Dat stiet alhiel net yn it paad dat in grut part fan de opfangtiid yn it Frysk oanbean wurde kin.
De BFTK 2024-2028 biedt mooglikheden om it Frysk te stimulearjen en oan te bieden. Yn paragraaf 2.2 is beskreaun hokker stappen it Ryk set om it Frysk yn de foarskoalske perioade te befoarderjen. It Ryk hat bygelyks by de ymplemintaasje fan de taaleask Nederlânsk rekken hâlden mei it Frysk. Beropskrêften binnen de reguliere bernedeiopfang dy't allinne Frysk prate mei de bern, kinne kieze oft hja harren taalfeardigens yn de Nederlânske of yn de Fryske taal oantoane wolle. Foar it oare is it oan de bernesintra, gemeenten en de Provinsje sels.
DINGtiid hat stevige krityk utere op de wurkwize foar it Frysk op fmbû-skoallen. De leden fan de CDA-fraksje freegje,
oft de minister it stânpunt fan DINGtiid dielt dat der gjin ûnwinsklike administrative drompel oplein wurde moat oan it fmbû foar it opnimmen fan it leargebiet Fryske taal en kultuer?
De steatssekretaris fan OCW dielt de miening dat der gjin ûnwinsklike administrative drompels oplein wurde moatte oan skoallen dy’t it leargebiet Fryske taal en kultuer op it fmbû oanbiede wolle. Op it stuit is it freegjen fan tastimming lykwols om praktyske redenen net oer te kommen.
De beropsrjochte learlinen fan it fmbû hawwe tsien ûnderskate beropsrjochte profilen, lykas Bouwen, Wenjen en Ynterieur (BWI), Hoareka, Bakkerij en Rekreaasje (HBR) en Soarch en Wolwêzen (Z&W). By elk profyl hearre twa of mear profylbûne algemien foarmjende fakken. Learlingen mei in technysk profyl dogge bygelyks eineksamen yn wiskunde en NASK1. Learlingen soarch & wolwêzen dogge eineksamen yn biology en kieze in twadde fak út wiskunde, ierdrykskunde, skiednis of maatskippijkunde. Op it stuit is Frysk yn net ien fan de beropsrjochte profilen in profylkarfak. As de skoalle Frysk oanbiede wol binnen de profilen, dan sil it ien fan de reguliere eksamenfakken ferfange moatte. De skoalle hat in ûntheffing nedich fan it ministearje om dit dwaan te kinnen. De skoalle kin Frysk wol as in ekstra fak oanbiede, mar net elke learling is yn steat om in ekstra fak te folgjen.
Op it stuit ferkent de steatssekretaris fan OCW de fmbû-profilen yn de boppebou fan it fuortset ûnderwiis. Ien fan de ûnderdielen fan dy ferkenning is oft de yn de Wet op it fuortset ûnderwiis foarskreaune algemiene fakken per profyl, profylfakken loslitten wurde kinne. De learlingen soene dan twa fakken kieze kinne út in list fan trochstreamrelevante fakken. Foar de Fryske skoallen soe it fak Frysk oan dizze list taheakke wurde kinne. Ein 2025 stjoert de steatssekretaris syn ferkenning nei de Twadde Keamer. Dan giet er ek yn op de posysje fan it Frysk yn it fmbû.
Ynkoarten komt de Ryksuniversiteit Grins (RUG) mei in nije bachelor Frysk.
De leden fan de CDA-fraksje freegje oft de minister der fertrouwen yn hat dat der in folweardige (180 ECTS), duorsume en tagonklike bachelor Frysk komt.
De ministers fan OCW en BZK hawwe der goed fertrouwen yn dat de bachelor Frysk yn de kommende jierren realisearre wurdt oan de Rykuniversiteit Grins (RUG). De RUG wurket hurd oan de fierdere ûntwikkeling fan in folweardich, duorsum en tagonklik bachelorprogramma Frysk. In bachelor yn it wû bestiet neffens de wet út 180 ECTS.
Op 10 july is it konvenant sletten tusken it ministearje fan OCW, it ministearje fan BZK, de Provinsje Fryslân en de RUG foar de bachelor Frysk5. Hjiryn steane de ôfspraken oangeande de gearwurking tusken dy partijen foar it wittenskiplik bachelorprogramma Fryske taal en kultuer. Dat is dien yn opfolging fan de ôfspraken dy’t makke binne yn de BFTK.
De leden fan de ChristenUnie-fraksje erkenne, tegearre mei de minister en DINGtiid, it belang fan ûnderwiis foar it garandearjen fan de Fryske taal. De minister jout oan dat de ynfrastruktuer fan de hiele ûnderwiisketting ferstevige is en dat strukturele en ynsidintele middels takend wurde om dat proses stypjen te bliuwen.
Dizze leden soene graach fierdere taljochting krije fan de minister oer hokker middels hjir bedoeld wurde en hoe’t dy it proses stypje.
It Ryk hat yn 2023 ynsidinteel € 200.000 beskikber steld foar de aktualisaasje fan de kearndoelen hearrend by it leargebiet Fryske taal en kultuer. Dy middels wurde ynset foar it oanpassen fan lesmaterialen nei de nije kearndoelen foar Fryske taal en kultuer of foar it ûntwikkeljen fan nije materialen. Dêrneist wurdt der yn dizze bestjoersperioade wurke oan de ûntwikkeling fan in nije learline foar it leargebiet Fryske taal en kultuer. Skoallen wurde hjirnei stipe by de ymplemintaasje fan de nije kearndoelen. Dêrneist stelt it Ryk fan 2024 ôf struktureel € 1,4 miljoen beskikber foar leararen Frysk foar it primêr en fuortset ûnderwiis. Hjirby is der spesifyk omtinken foar it oanlûken, oplieden, by- en neiskoaljen en begelieden fan dosinten.
Foar it primêr en fuortset ûnderwiis wurdt in budzjet materiële ynstânhâlding Frysk (MIF) kontinuearre foar it bekostigjen fan materialen foar it leargebiet Fryske taal en kultuer. Dêrneist hat de minister fan OCW yn 2021 foar in perioade fan 3 jier in bedrach fan € 100.000 jiers beskikber steld foar MIF foar it mbû. Dit jild waard brûkt foar ferskillende lesmaterialen op it mêd fan taalbewustwêzen, taalhâlding en taallearen fan alle learlingen yn it mbû yn Fryslân.
Fierder is der yn de rintiid fan de nije BFTK in praktoraat Frysk opsetten om de posysje fan it Frysk binnen it mbû te ferankerjen. It praktoraat docht ûndersyk nei de Fryske taal en taalûntwikkeling yn in meartalige kontekst en ûntwerpt taalûnderwiis dat oanslút op de meartalige beropspraktyk yn Fryslân. Ta beslút binne der middels frijmakke om in bachelor Frysk en in minor Frysktalige sjoernalistyk op te setten.
De leden fan de ChristenUnie-fraksje slute har oan by de soarch fan DINGtiid oangeande it opsmiten fan ûnwinsklike administrative drompels nei oanlieding fan it feit dat skoallen dy’t fmbû-ûnderwiis oanbiede offisjeel tastimming oanfreegje moatte foar it opnimmen fan it leargebiet Fryske taal en kultuer.
De minister giet net yn op dizze kwestje en dus de fraach oan de minister oft hy dizze soarch dielt.
As dat sa is, wat wurdt der dien om foar te kommen dat administrative drompels ûntstean?
De brief beneamt dat it Ryk en de Provinsje middels beskikber stelle sil foar in bacheloroplieding Frysk oan de RUG. De leden fan de ChristenUnie-fraksje freegje de minister oft hy de komst en it behâld fan dizze bachelor Frysk garandearje kin. Dat mei it each op de besunigings op it heger ûnderwiis dy’t dit kabinet trochfiert en de útwurkings dy’t dy hawwe op it oanbod fan talestúdzjes.
Foar jo fragen oer it fmbû ferwiis ik jo nei myn antwurd op fraach 22.
De minister fan OCW en de minister fan BZK hawwe der fertrouwen yn dat oan de Rykuniversiteit Grins (RUG) yn de kommende jierren in duorsum, tagonklik en folweardich bachelorprogramma Frysk realisearre wurdt. Der is, yn neifolging fan it amendemint fan keamerlid De Hoop € 340.000 yn it jier beskikber út it ministearje fan OCW wei. It ministearje fan BZK en de provinsje Fryslân stelle elk € 110.000 beskikber foar in perioade fan 10 jier. Dit is konform de ôfspraken dy’t makke binne yn de BFTK. Dizze middels binne beskikber, nettsjinsteande de besunigings op it heger ûnderwiis dy’t yn it Haadline-akkoart oankundige binne.
Rjochtspraak
De leden fan de VVD-fraksje misse, krekt as DINGtiid sels, yn de kabinetsreaksje in stânpunt oer it advys fan DINGtiid om rjochtsaken dêr’t by ferwachte wurde mei dat der Fryskpraters dielnimme sille, te konsintrearjen yn Ljouwert.
Kin de minister oanjaan hoe’t it op it stuit giet mei it brûken fan it Frysk yn de rjochtspraak?
Hokker foarderingen wurde der makke?
By de Rjochtbank Noard-Nederlân (hjirnei: de Rjochtbank) is tawizing op maat mooglik yn saken dy’t (foar in part) yn de Fryske taal fierd wurde. It Gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert (hjirnei: it Gerjochtshôf) hat in ferlykbere regeling. As gefolch hjirfan wurde saken dêr’t Frysktalige prosesdielnimmers by belutsen binne safolle mooglik op de sittingslokaasje Ljouwert behannele6. By it Gerjochtshôf wurdt alle moannen in Frysktalige strafsitting organisearre wêr’t riedshearen en griffiers foar ynset wurde dy’t it Frysk ferstean en/of prate kinne. It Iepenbier Ministearje (OM) wurdt frege om in Advokaat-Generaal ôf te feardigjen dy’t it Frysk ferstean en/of prate kin. As it nedich is, wurdt gebrûk makke fan beskikbere tolken, dy’t troch it OM oproppen wurde. (It binne net allinnich fertochten dy’t Frysk prate, mar somtiden ek tsjûgen, slachtoffers, neibesteanden en yn it algemien boargers dy’t it sprekrjocht útoefenje wolle. Dêrneist binne advokaten, meiwurkers fan Slachtofferhulp it Frysk faak net machtich en kin nettsjinsteande de Frysktalige besetting fan it Gerjochtshôf de oanwêzigens fan in tolk nedich wêze.)
Ut petearen mei de Rjochtbank en it Gerjochtshôf docht bliken dat dizze wurkwize yn de praktyk goed wurket. It kabinet giet derfan út dat mei dizze wurkwize oan Fryskpraters foldwaande garânsjes bean wurde om op de sittingslokaasje yn Fryslân terjochte te kinnen en sil monitoarje oft der op in letter momint fierdere oanpassings nedich binne7.
Yn in oersicht hawwe de Rjochtbank en it Gerjochtshôf yn kaart brocht op hokker wize hja ynfolling jouwe oan wat wetlik bepaald is oangeande de Fryske taal en wat hja noch mear dogge en dwaan sille om it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear te befoarderjen. Dat oersicht is as taheakke opnommen yn de BFTK 2024-20288. Fierder wiist it Gerjochtshôf yn de profylomskriuwing op LinkedIn, Instagram en X op it rjocht om Frysk te praten yn in gerjochtlike proseduere en wurdt yn de gerjochtsgebouwen fan de Rjochtbank en it Gerjochtshôf wurke mei narrowcasting, dêr’t yn Fryske slides minsken oantrune wurde om op sitting Frysk te praten9.
De gerjochten hawwe tegearre mei DINGtiid nei de simmer fan 2024 in wurkgroep opsetten om te ferkennen hoe’t it brûken fan it Frysk yn prosedueres fierder fasilitearre wurde kin en de gerjochtsbestjoeren dêroer te advisearjen. Der binne út dizze wurkgroep wei noch gjin advizen oan de bestjoeren fan de Rjochtbank en it Gerjochtshôf foarlein. De mienskiplike wurkgroep is dwaande om in (basis)taalbeliedsplan foar it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear op te stellen.
Wat de tolken Frysk oanbelanget, wurdt opmurken dat fan de trije C1-tolken dy't yn it Register beëdige tolken en oersetters ynskreaun steane, twa tolktsjinsten Frysk ferrjochtsje foar de rjochtspleging. De tredde tolk is meardere kearen frege, mar dat hat him oant no ta net oanmelden.
De leden fan de VVD-fraksje wolle witte oft it kabinet de Fryske taal en de dêroan relatearre oplossing foar tolken lykstelt mei oare, net-rykstalen.
Is it kabinet fan betinken dat der oangeande it Frysk in gruttere ferantwurdlikheid bestiet? Want yn de reaksje wurdt benammen wiisd nei de tolktsjinstferliening yn algemiene sin.
Yn hoefier driget dêrtroch de posysje fan de Fryske taal ûnder te snijen?
It kabinet erkent de bysûndere posysje fan it Frysk as twadde rykstaal, mei dêroan keppele in gruttere ferantwurdlikheid as by net-rykstalen. Dizze ferantwurdlikheid kriget ynfolling fia wetlike ramten, bestjoersôfspraken en rjochte stipe, mei ynbegryp fan passende tolkfoarsjennings. Wy bliuwe ynsetten op bewustwurding en útfiering binnen de rykstsjinsten, sadat it Frysk net ûndersnijt yn generyk taalbelied. Mooglike knyppunten wurde monitoard en wêr nedich oanpakt.
De leden fan de VVD-fraksje hawwe noch in tal fragen oer de saak wêryn’t in detinearde út De Westereen gjin Frysk prate mocht mei syn Frysktalige, demintearjende beppe. Dizze leden begripe fansels dat der situaasjes binne dat der gjin Frysk praat wurde kin mei it each op de feiligens.
De fraach is oft yn sa’n spesifyk gefal fan in demintearjende beppe, dy’t weromfalt op har earste taal, in rykstaal, der net in tolk beskikber wêze moatte soe?
En as dat net sa is, wêrom net? De minister hat earder oanjûn dat de beropsrjochter resintlik oardiele hat dat, ûnder mear sjoen it nedige tafersjoch en it net beskikke oer in tolk Frysk, it net ûnreedlik of ûnbillik is om dy tastimming te wegerjen yn it gefal dat in detinearde de Nederlânske taal ek machtich is.
Jildt dit neffens de minister ek as it giet om in situaasje as hjirfoar neamd, fan in demintearjende beppe, dy’t allinnich it Frysk noch mar machtich is?
En wêrom kin der yn sa’n spesifyk gefal net in tolk beskikber wêze?
It kabinet kin net yngean op yndividuele gefallen. Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 38.
Oangeande de ynset fan tolken troch it iepenbier ministearje (OM) lêze de leden fan de NSC-fraksje dat DINGtiid sinjalen krigen hat dat der al in skoft problemen binne mei de ynset fan beëdige gerjochtstolken. DINGtiid hat sinjalen krigen dat it ferskil tusken it taryf en wat it tolkburo ree is te beteljen, te grut is. DINGtiid advisearret dêrom hjir oanfoljende ôfspraken oer te meitsjen. Dizze leden freegje,
oft de minister de sinjalen lykas DINGtiid dy’t oanjout, werkent,
en oft hy ree is om yn de Keamerbrief oer de tolktsjinstferliening net allinnich yn te gean op de leverwissichheid en leverkrektens, mar ek spesifyk yn te gean op it sinjaal by de beëdige gerjochtstolken wei.
Ja, dizze sinjalen wurde werkend. Yn de oanbesteging foar OM en de Rjochtspraak binne der oanfoljende ôfspraken makke. Der is bygelyks temjitte kaam oan de winsk om de gerjochtstolken gjin effekt ûnderfine te litten fan it fuortfallen fan de foarrydkosten troch it ynskriuwtaryf te ferheegjen mei € 15. Dêrneist binne der twa ûndersiken oankundige yn de Keamerbrief oer de tolktsjinstferliening oangeande it fergoedzjen fan de wachttiid en de fergoeding de begûn healoere. Hjiroer wurdt de Keamer nei it simmerreses fan 2025 ynformearre.
It ministearje fan Justysje en feiligens sprekt meardere kearen yn it jier mei ferskate fertsjintwurdigers fan de beropsgroep, wêrûnder ek dy fan de beëdige gerjochtstolken.
Wannear’t der sinjalen fan belutsen partijen binne dat it stelsel foar tolk- en oersettsjinsten net goed funksjonearret, sil it kabinet dizze soargen serieus nimme en besjen wêr’t bystjoering nedich is.
De leden fan de D66-fraksje hiene graach kennis krigen oer de ôfspraken oer de rjochtspraak en de reaksje fan de minister op de DINGtiid-advizen dêroer. It docht lykwols bliken dat dizze ynformaasje ûntbrekt.
Dizze leden freegje oft de minister dy reaksje noch jaan kin en freegje oft de minister ree is om de posysje fan Frysktalige rjochtsikers te beskermjen?
Is de minister fan betinken dat Friezen Frysk prate meie yn de rjochtspraak?
Is de minister ek fan betinken dat krekt de rjochtspraak rjocht dwaan moat oan de rjochtsposysje fan Frysktalige rjochtsikers?
Dizze leden freegje de minister op hokker termyn der sprake wêze sil fan folsleine twatalige rjochtspraak yn Fryslân.
Wat de frege reaksje op de DINGtiid-advizen oanbelanget, wurdt ferwiisd nei it antwurd op fraach 37.
It belied fan it kabinet is derop rjochte om de posysje fan it Nederlânsk en it Frysk yn de provinsje Fryslân op basis fan lykweardigens te regeljen. Utgongspunt is dat rjochtsikers dy’t op grûn fan de Wet gebrûk Fryske taal it rjocht hawwe om Frysk te brûken, dat rjocht ek útoefenje kinne. Yn it antwurd op fraach 37 is beljochte hoe’t de Rjochtbank en it Gerjochtshôf útfiering jouwe oan wat wetlik bepaald is oangeande de Fryske taal en wat sy fierder dogge en dwaan sille om it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear te fasilitearjen. Fierder ûndersykje de gerjochten yntern en yn de wurkgroep mei DINGtiid op hokker wize it brûken fan Frysk fierder fasilitearre en stimulearre wurde kin. Dêrmei biede dy gerjochten Fryskpratende rjochtsikers garânsjes om harren wetlike rjochten út te oefenjen.
De leden fan de D66-fraksje hawwe mei belangstelling kennis nommen fan it antwurd op de troch harren agindearre kwestje fan in Fryske detinearde dy’t gjin Frysk prate mocht. Dizze leden wiene fernuvere dat, ek yn algemiene sin, in Nederlânsktalige detinearde oare taalrjochten hat as in Frysktalige detinearde.
Hokker maatregels nimt de minister om de taalrjochten fan Frysktalige detinearden gelyk te stellen oan dy fan Nederlânsktalige detinearden?
Dizze leden konkludearje dat dizze kasus him faker foardwaan kin, dat detinearden ôfhinklik binne fan oft de penitinsjêre ynrjochting in kontrakt hat mei in tolkeburo dat ôfspraken hat mei Frysktalige tolken. It fernuveret harren dat de minister de Keamer te witten dien hat dat der gjin Frysktalige tolk beskikber wie, wylst der wol Frysktalige tolken beskikber wiene, mar dêr gjin ôfspraken mei makke wiene.
Hoe reflektearret de minister dêrop?
Lykas yn de eardere beantwurding fan fragen fan jo Keamer oer de Fryske detinearde ferwurde is, stiet it elke detinearde yn prinsipe frij om mei syn of har kontakten Frysk te praten, mar binne der situaasjes mooglik dat it brûken fan oare talen as it Nederlânsk yn detinsje beheind wurde kin. Fierder is taljochte dat as oantoand wurdt dat troch in detinearde of syn kontakt net yn de Nederlânske taal kommunisearre wurde kin, tastimming ferliend wurde kin yn in oare taal te kommunisearjen. Yn dat gefal sil in tolk ynhierd wurde om foarsjen te kinnen yn it nedige tafersjoch. Fierder is taljochte dat de beropsrjochter resintlik oardiele hat dat, ûnder mear sjoen it nedige tafersjoch en it net beskikke oer in tolk Frysk, it net ûnreedlik of ûnbillik is om dy tastimming te wegerjen yn it gefal dat in detinearde de Nederlânske taal ek machtich is. Dy útspraak is foar it kabinet fan swierwagend belang.
Lykas earder oanjûn yn de beäntwurding, stelt it kabinet fêst dat der twa registrearre C1-tolken Frysk beskikber binne en dat in tredde tolk benadere is om him beskikber te stellen. Hoewol’t Fryske tolken dus ynsetber binne, kinne har yn de praktyk omstannichheden foardwaan dat dat net it gefal is.
De leden fan de D66-fraksje konkludearje dat in soad korrespondinsje tusken kabinet en Keamer oer de ynset fan (Fryske) tolken noch net ta in oplossing laat hat foar it probleem.
Wat hat de minister nedich om dit probleem op te lossen?
Dizze leden freegje oft de minister ree is om by de tuskenevaluaasje oan de Keamer te rapportearjen oer de praktyk fan de Fryske tolken troch mei tolken en belange-organisaasjes yn petear te gean.
Yn de jierlikse brief dy’t yn Q1 2026 nei de Twadde Keamer stjoerd wurde sil, wurdt in tuskenevaluaasje jûn fan de ûndersiken dy’t yn de Keamerbrief oankundige binne. Dy ûndersiken hawwe te krijen mei de fergoeding fan de wachttiid, de fergoeding de begûn healoere en de betelling de normregel. Sy hawwe gjin betrekking op de praktyk fan de Fryske tolken.
Yn maart ll. hat de steatssekretaris foar Rjochtsbeskerming mei ferskate fertsjintwurdigers fan de beropsgroep praat oer de trochûntwikkeling fan it hjoeddeistige tolkestelsel. Ek hat yn july ll. it earste trijehoekspetear west, wêrby’t beropsfertsjintwurdigers fan selsstannich wurkjende tolken, (fertsjintwurdigers fan) tolkburo’s en opdrachtjouwers út de Ryksoerheid wei útnûge wiene om te praten oer de trochûntwikkeling fan it hjoeddeiske tolkestelsel.
Nei de simmer wurdt besjoen oft der in ferfolchoerlis mei de steatssekretaris foar Rjochtsbeskerming plakfine kin. It kabinet seit mei klam dat it de soargen serieus nimt en sjocht wêr’t bystjoering nedich is wannear’t partijen sinjalen jouwe dat it stelsel foar tolk- en oersettsjinsten net goed funksjonearret.
De leden fan de BBB-fraksje fine it essinsjeel dat it Frysk net allinnich in formele erkenning krijt, mar ek werklik tapast wurdt yn it bestjoerlik ferkear en de rjochtspraak. Dizze leden freegje hoe’t it kabinet útfiering jout oan de advizen fan DINGtiid om it Frysk faker te brûken yn juridyske prosedueres en hoe’t de bewustwurding hjiroer ûnder oerheidsynstânsjes fergrutte wurdt. Sy konstatearje dat Fryske rjochtsikers noch altyd net sûnder behinderingen yn it Frysk harren rjocht helje kinne, nettsjinsteande it feit dat it Frysk wetlik in folweardige rjochts- en bestjoerstaal is yn de provinsje Fryslân en de byhearrende rjochtsgebieten.
Hja freegje de minister oft hy it stânpunt dielt dat de oerheid Fryske rjochtsikers werklik by steat stelle moat om sûnder obstakels diel te nimmen oan de rjochtsgong yn de Fryske taal.
Dêrneist wolle hja witte oft de minister fan betinken is dat de rjochtsspraak/oerheid hâlden is oan ynternasjonale ferdragen, lykas it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden, en hokker stappen hy set om neilibbing dêrfan te befoarderjen.
Is de minister ree om by de tuskenevaluaasje oan de Keamer te rapportearjen oer de praktyk fan de Fryske tolken troch mei tolken en belange-organisaasjes yn petear te gean?
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 37.
Fryske rjochtsikers kinne noch altyd net altyd yn it Frysk harren rjocht fine, wylst it wetlik in folweardige rjochts- en bestjoerstaal is yn de provinsje Fryslân. De leden fan de CDA-fraksje freegje.
of de minister it stânpunt dielt dat de oerheid Fryske rjochtsikers by steat stelle moat om sûnder behinderingen diel te nimmen oan de rjochtsgong yn de Fryske taal.
Dizze leden wolle ek witte oft de minister fan betinken is dat de rjochtsspraak hâlden is oan ynternasjonale ferdragen, lykas it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden.
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 37.
De leden fan de ChristenUnie-fraksje wolle graach omtinken freegje foar it feit dat it noch hieltyd net yn alle gefallen mooglik is foar Fryske rjochtsikers om yn it Frysk harren rjocht te heljen. Yn eardere brieven wiisde de minister op it belang fan de ôfstân tusken de wetjaande en de rjochtlike macht en hâlde om dy reden ôfstân fan dizze problematyk. Dochs binne dizze leden derfan oertsjûge dat it de taak fan de minister is om te foarsjen yn de beskikberens fan de Fryske taal, om’t dy in folweardige rjochts- en bestjoerstaal is yn de provinsje Fryslân Dêrom stelle sy de folgjende fraach:
Op hokker termyn sil der sprake wêze fan folsleine twatalige rjochtspraak yn Fryslân?
Hokker aksjes ûndernimt dit kabinet om twatalige rjochtspraak te realisearjen?
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 37.
It falt de leden fan de ChristenUnie-fraksje op dat der noch hieltyd problemen binne oangeande de ynset fan Fryske tolken. Ut eardere fragen oan de minister fan de ChristenUnie-fraksje docht bliken dat dit probleem al jierren spilet (Keamerstik 35300 VII, nr. 114). Dêrom wolle dizze leden freegje,
oft de minister ree is om by de tuskenevaluaasje oan de Keamer te rapportearjen oer de praktyk fan de Fryske tolken troch mei tolken en belange-organisaasjes yn petear te gean.
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 43.
Sjoernalistyk
De leden fan de GrienLinks-PvdA-fraksje hechtsje in soad wearde oan goede regionale en lokale sjoernalistyk. Dat is net allinnich wichtich foar de ynformaasjefoarsjenning fan ynwenners, mar ek spylje regionale en lokale sjoernalisten in wichtige rol yn de demokrasy.
Dizze leden hawwe soargen oer it feit dat der hieltyd minder budzjet beskikber is foar regionale en lokale sjoernalistyk. Deelt de minister dizze soarch?
En kin dêrby spesifyk yngien wurde op wat dit betsjut foar de Frysktalige sjoernalistyk?
It kabinet stiet foar in pluriform media-oanbod en hechtet wearde oan sawol de publike as private media. Sy leverje beide in wichtige bydrage oan lokale en regionale nijsfoarsjenning. Fan oerheidswegen wurde finansjele middels beskikber steld foar de lokale en regionale publike omroppen. Yn 2025 stelt it kabinet hast € 33 miljoen beskikber foar lokale en ûndersykssjoernalistyk en respektivelik € 191 miljoen foar regionale omroppen. As regionale omrop hat Omrop Fryslân in bysûndere rol oangeande it Frysk. Dit jildt ek foar streekomroppen as RTV NOF. Dêrneist wurket de minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) op it stuit hurd oan in wetsfoarstel om it fûnemint ûnder de lokale publike omroppen te fuortsterkjen. Foar private media binne der subsydzjeregelingen en programma’s beskikber fia it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek en it Fonds Bijzondere Journalistieke Projecten. Mei it brief “Inzet lokale en regionale journalistiek” (Ynset lokale en regionale sjoernalistyk) fan 25 oktober 2024 hat de minister fan OCW oanjûn om mei publike en private media in aginda op te setten om de lokale en regionale sjoernalistyk te fuortsterkjen; oan dy aginda wurdt op it stuit wurke.
De leden fan de VVD-fraksje misse yn de kabinetsreaksje de ambysje as it giet om it Frysk yn de media. Der wurdt benammen ferwiisd nei oaren, lykas de Provinsje en ynstellings, en benammen nei de profesjonalisearring fan lokale omroppen yn algemiene sin. Dat fine dizze leden wol hiel meager.
Wat bart yn dat ramt spesifyk foar it Frysk by de lokale en regionale omroppen, of wat sil der mear barre as no al bart?
As tarieding op de foarnommen stelselhersjenning fan lokale publike omroppen docht it kabinet no al rjochte ynvestearrings. Sûnt 2022 stelt it kabinet struktureel € 17 miljoen beskikber fia it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek. It grutste part dêrfan giet nei de regeling Professionalisering Lokale Omroepen. Ek Fryske lokale omroppen, lykas RTV NOF, hawwe suksesfol meidien oan dizze regeling. De omrop hat sels it karmerk “Streekomroep” fan de NLPO krigen, wêrmei’t it foldocht oan 20 kwaliteitskritearia op it mêd fan kwaliteit/profesjonaliteit, effisjinsje en produktoanbod. Dêrmei hat de omrop oan belanghawwenden, lykas gemeenten en advertearders, sjen litten in oantreklike gearwurkingspartner te wêzen. Op it stuit is it projekt “Bureaus Lokaal” (Buro’s Lokaal) sfan start gien. It kabinet stelt yn 2025 € 3 miljoen beskikber om dit mienskiplike projekt fan de NOS, RPO en NLPO te kontinuearjen. Mei dit projekt sille de NOS, RPO en de NLPO oan de slach mei it opsetten fan Buro’s Lokaal op ferskate plakken yn it lân. Ek yn Fryslân wurdt in Buro Lokaal realisearre mei de omroppen RTV NOF, Omrop Fryslân en Omroep Zilt. It doel fan de Buro’s Lokaal is om gearwurking en útwikseling fan “content” tusken lokale, regionale en lanlike omroppen op al dy plakken steviger en effektiver te meitsjen. Dêrneist start yn 2026 in nije konsesjebeliedsperioade foar de 13 regionale omroppen. It konsesjebeliedsplan befettet nije doelstellings en ambysjes; ek foar Omrop Fryslân en dêrmei it Frysk.
De leden fan de BBB-fraksje fine it wichtich dat it Frysk syn plak behâldt yn de media en sjoernalistyk. Dizze leden stypje de ûntwikkeling fan in hbû-minor Fryske sjoernalistyk,
en freegje hoe’t de ynstream fan studinten garandearre wurdt.
Ek freegje hja hokker stappen set wurde om de kwaliteit fan it Frysk yn de media te ferbetterjen,
en oft oanfoljende maatregels nedich binne om it brûken fan de Fryske taal yn de skreaune en sprutsen parse te befoarderjen. Hja priizgje de Fryske nijsmedia dy’t har ynspanne om it oandiel Frysk yn de skreaune parse te fergrutsjen, lykas Omrop Fryslân.
De minor Fryske sjoernalistyk en media is ôfrûne febrewaris úteinset. Der is dêrom op it stuit noch neat te sizzen oer de úteinlike resultaten fan de minor. De minor is in moai foarbyld fan in kombinearre ynspanning fan Frysktalige media, ûnderwiisynstellings, de Provinsje en it Ryk om de kwaliteit en it brûken fan it Frysk yn de media te ferbetterjen. It is ferstannich om op in letter momint te sjen nei de opbringsten fan de minor. Sjoen op de publike omrop hat Omrop Fryslân in wichtige rol yn de Frysktalige media-ynfrastruktuer, ynklusyf skreaune nijs en online publikaasjes. De erkenning fan de rol fan it Frysk binnen de publike omrop yn de Mediawet 2008 komt yndirekt ek de skreaune parse te ’n goede troch brede taalstimulearring.
Sichtberens
De leden fan de VVD-fraksje fine it wichtich dat der mear Frysk yn de iepenbiere romte is. De Provinsje Fryslân hat oankundige de ferkearsbuorden lâns provinsjale diken yn Fryslân yn 2026 te ferfangen troch twatalige ferkearsbuorden. Wat sil it Ryk dwaan?
Yn it ramt fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028 (BFTK) hawwe de Provinsje Fryslân en Rykswettersteat ôfspraken makke oer it fergrutsjen fan de sichtberens fan de Fryske taal by de rykswegen binnen de provinsje Fryslân lâns. By de rykswegen lâns is de Fryske taal al sichtber op de nammebuorden fan brêgen, fiadukten, akwadukten, rivieren en kanalen yn de hiele provinsje Fryslân. Dêrneist wurdt, konform ôfspraak, yn it foar ferkend hoe’t de sichtberens fan de Fryske taal fierder fergrutte wurde kin op de ferkearsbebuording yn de provinsje Fryslân sûnder dat dat neidielige gefolgen hat foar de ferkearsfeiligens en trochstreaming. Yn dy ferkenning hawwe ek desintrale oerheden en de Nationale Bewegwijzeringsdienst in wichtige rol. De ferkenning wurdt útfierd ûnder rezjy fan de Provinsje en Rykswettersteat biedt dêrby, wêr mooglik en nedich, stipe.
Soarch
De leden fan de VVD-fraksje fine it brûken fan it Frysk yn de soarch krúsjaal. Bygelyks yn de thússoarch, de geastlike sûnenssoarch, de spoedeaskjende soarch en de langduorjende soarch (bygelyks by demintens). DINGtiid hat dêr yn oktober 2024 in gearkomste oer hâlden.
Is de minister ree om mei de Provinsje en soarchynstellings te sjen wat der noch mear mooglik is om it Frysk yn de soarch te stimulearjen en befoarderjen?
En as dat net sa is, wêrom net?
Yn de Wet gebrûk Fryske taal stiet opnommen dat it Ryk en de Provinsje Fryslân in mienskiplike ferantwurdlikheid en soarchplicht hawwe foar de Fryske taal en kultuer. It ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) set him fia de VWS-brede oanpak diskriminaasje en gelikense kânsen yn foar dit ûnderwerp, dêr’t it de soarch en wolwêzenssektor rekket. Yn it bestjoerlik akkoart Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer is tasein dat VWS € 300.000 takent oan de Afûk foar de perioade fan 2024 oant en mei 2028. Dat sil barre troch in subsydzje te jaan. Dizze middels wurde ynset om kultuerspesifike soarchprojekten út te fieren. Op it stuit wurdt de subsydzje-oanfraach beoardiele. De minister fan VWS is fan betinken dat de Afûk oan de hân fan dizze subsydzje Frysk yn de soarch stimulearje en befoarderje kin.
Lanlike Kennistafel
De leden fan de D66-fraksje binne benijd wannear’t de moasje-Romke de Jong c.s. (Keamerstik 36200 VII, nr. 128) oer it ûndersykjen hoe’t de wetlike soarchplicht en ferantwurdlikheid foar de Fryske taal en kultuer útfierd wurde sil. Sy hawwe yn it DINGtiid-advys oer in lanlike permaninte kommisje Frysk gjin foarstellen sjoen dy’t ynfolling jouwe oan dit breed droegen fersyk foar in tydlik ûndersyk fan de Keamer.
Wannear komt de minister mei in reaksje op it DINGtiid-advys oer in Lanlike Kommisje Frysk?
Sil de minister yn syn reaksje dochs oanjaan dat wól útfiering jûn wurdt oan de troch de Keamer oannommen moasje-Romke de Jong c.s. foar it útwurkjen fan de wetlike dielde soarchplicht?
Ik ferwiis jo nei myn reaksje op it DINGtiid-advys “Tot een Landelijke Kennistafel Fries” (Nei in Lanlike Kennistafel Frysk).
As lêste wolle de leden fan de BBB-fraksje witte wat de stân fan saken is wat de moasje fan de leden Bevers en Van der Molen oanbelanget oer it by de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer ûndersykjen oft de ynstelling fan in lanlike “kommisje Frysk” (Keamerstik 36200 VII, nr. 132) mooglik is.
Ik ferwiis jo nei myn reaksje op it DINGtiid-advys “Tot een Landelijke Kennistafel Fries” dy’t ik jo Keamer okkerdeis tastjoerd haw.
It DINGtiid-advys oer in permaninte Lanlike Kommisje Frysk jout gjin útfiering oan de moasje fan de Keamer. De leden fan de CDA-fraksje freegje,
wannear’t de minister mei in reaksje komt op it DINGtiid-advys oer in Lanlike Kommisje Frysk.
Hja wolle witte oft de minister yn syn reaksje dochs oanjaan sil dat wól útfiering jûn wurdt oan de troch de Keamer oannommen moasje-Romke de Jong c.s. foar it útwurkjen fan de wetlike dielde soarchplicht troch in kommisje.
Ik ferwiis jo nei myn reaksje op it DINGtiid-advys “Tot een Landelijke Kennistafel Fries” dy’t ik jo Keamer okkerdeis tastjoerd haw.
De leden fan de NSC-fraksje lêze dat der ûndúdlikens bestiet oer de kommisje, dêr’t yn de moasje-Romke de Jong c.s. (36200 VII, nr. 128) ta oproppen wurdt om de soarchplicht foar it Frysk te garandearjen en de ferantwurdlikens foar de Fryske taal en kultuer fierder útwurkje te litten troch in kommisje.
Is de minister fan betinken dat de kommisje no foldwaande bydraacht en dat der foldwaande útfiering jûn is oan de soarchplicht dêr’t yn de moasje-Romke de Jong c.s. ta oproppen wurdt?
As dat net sa is, op hokker punten sjocht de minister ferbettermooglikheden?
Ik ferwiis jo nei myn reaksje op it DINGtiid-advys “Tot een Landelijke Kennistafel Fries” dy’t ik jo Keamer okkerdeis tastjoerd haw.
Oare saken
De leden fan de VVD-fraksje wolle witte wannear’t de Wet gebrûk Fryske taal evaluearre wurdt.
De Wet gebrûk Fryske taal sil net evaluearre wurde. De ferantwurdlikheden dy’t fêstlein binne yn de WGFT krije ynfolling yn de BFTK. De BFTK wurdt wol evaluearre.
De leden fan de VVD-fraksje lêze ek oer de posysje fan Frysktaligen bûten Fryslân. De minister giet dêr yn de reaksje net op yn.
Kin de minister dizze reaksje dochs noch jaan?
Is de minister ree om fan de tuskentiidske evaluaasje ôf te besjen hoe’t de posysje fan Frysktaligen bûten Fryslân befoardere wurde kin?
It Frysk is in regionaal erkende taal en dêrom wurde der bûten de provinsje gjin maatregels troffen om it Frysk te fuortsterkjen. Wol hat de fuortsterking fan it Frysk binnen Fryslân in posityf effekt op de Friezen om utens.
De leden fan de CDA-fraksje freegje ek oft de minister ree is om fan de tuskentiidske evaluaasje ôf te besjen hoe’t de posysje fan Frysktaligen bûten Fryslân befoardere wurde kin. DINGtiid is wiidweidich yngien op dizze posysje, mar de minister is hjir yn de reaksje net op yngien.
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 58.
De leden fan de ChristenUnie-fraksje konkludearje dêrneist dat de minister net yngiet op de posysje fan Frysktaligen bûten Fryslân, dêr’t de DINGtiid dit wol docht. Om it behâld fan de Fryske taal garandearje te kinnen is it ek de ferantwurdlikheid fan de minister om yn te stean foar de posysje fan Frysktaligen bûten de eigen provinsje.
Dêrom soene dizze leden de minister freegje wolle om syn ljocht skine te litten op de posysje fan Frysktaligen bûten Fryslân.
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 58.
De leden fan de NSC-fraksje lêze yn it advys fan DINGtiid oer de BFTK meardere kearen dat it ûntbrekt oan in langetermynfyzje op de Fryske taal en kultuer. Boppedat wurdt beklamme dat heldere langetermyn doelen it realisearjen fan ambysjes makliker makket en monitoaring in djippere lading krijt. De minister dielt yn de kabinetsreaksje dat der ferfolchpetearen plakfine tusken de Provinsje, it Ryk en DINGtiid oer langetermyndoelen.
Kin de minister oanjaan wat syn fyzje is op de langetermyndoelen en hoe’t dy wat him oanbelanget foarmjûn wurde moatte?
Dêrneist hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân it op harren nommen om langetermyndoelen oangeande it Fryske taalbelied te formulearjen. Is de minister ree om der by DINGtiid op oan te trunen dat dizze simultane prosessen by foarkar ta in mienskiplik heldere útkomst liede soene?
Langetermyndoelen biede hâld foar oankommende bestjoersôfspraken. De taak fan DINGtiid is om Provinsje en Ryk ûnôfhinklik te advisearjen om sa de gelikense posysje fan it Frys te befoarderjen. Dêrneist is it de rol fan DINGtiid om te advisearjen oer de foarmjouwing fan de langetermyndoelen. Reden is dat de langetermyndoelen fierder sjogge as de doer fan in politike syklus. It advisearjen fan it Ryk troch Dingtiid kin parallel barre oan de útwurking fan langetermyndoelen troch de Provinsje sels.
De leden fan de D66-fraksje binne optein om te konkludearjen dat it fersyk yn de moasje-Kuiken/Romke de Jong (36200 VII, nr. 135) om it ambysjenivo foar de Fryske taal te ferheegjen, útfierd is. Tagelyk konkludearret it DINGtiid-advys dat it fersyk yn dizze moasje oangeande it ynformearjen fan de Keamer oer de fyzje foar it Frysk noch better útwurke wurde kin. Dizze leden omearmje de Fryske taal as twadde Rykstaal en stribje nei in twatalich Fryslân, wêr’t sawol it Frysk as it Nederlânsk in lykweardige, folweardige posysje hat yn alle domeinen fan it maatskiplike libben.
Stipet de minister dat stribjen?
Is de minister ree om by de tuskentiidske evaluaasje fan de BFTK mear yn te gean op de ynherinte wearde fan de Fryske taal en kultuer?
It kabinet slút him oan by de ambysje fan de Provinsje Fryslân om fan Fryslân in folweardich twatalige mienskip te meitsjen. Mei de ynwurkingtreding fan de Wet gebrûk Fryske taal (WGFT) op 1 jannewaris 2014 is it Frysk, njonken it Nederlânsk, erkend as offisjele taal yn de provinsje Fryslân. Om de gelikense posysje fan it Frysk oan it Nederlânsk yn de provinsje Fryslân te befoarderjen is der in “Orgaan foar de Fryske taal” ynsteld, neamd DINGtiid (WGFT, Haadstik 4, kêst 18-19). Yn line mei wetjouwing stiet yn de hjoeddeiske BFTK dat it brûke kinnen fan de Fryske taal as ûnderdiel fan de regionale identiteit net inkeld in rjocht is, mar ek in fanselssprekkendheid wêze moat. Mei de bestjoersôfspraak stribbet dit kabinet dernei om rânebetingsten te skeppen dy’t de fanselssprekkendheid fan it Frysk yn Fryslân befoarderje. Ik erken de ynherinte wearde fan it Frysk en slút my oan by de fyzje dat it behâld fan de Fryske taal fan belang is foar Nederlân. Om dat sjen te litten bin ik dan ek yn de earste wiken fan myn amt fuortendaliks yn petear gien mei de Provinsje Fryslân en DINGtiid oer it taalbelied op it Frysk.
De leden fan de D66-fraksje stypje de winsk fan DINGtiid en Provinsjale Steaten fan Fryslân om mei breed droegen langetermyndoelen foar it Frysk te kommen dêr’t yn mienskiplik oan wurke wurde kin. Dizze leden binne benijd,
oft de minister ree is om der by DINGtiid op oan te trunen dat dizze prosessen by foarkar ta in mienskiplik, breed droegen, heldere útkomst liede soene?
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 61.
Fierder freegje de leden fan de CDA-fraksje oft de minister ree is om der by DINGtiid op oan te trunen dat de simultane prosessen by foarkar ta in mienskiplike, breed droegen en heldere útkomst liede soene. Der is ferlet fan heldere en breed droegen langetermyndoelen om effektyf belied fiere te kinnen.
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 61.
De leden fan de D66-fraksje binne bliid om kennis te nimmen fan de fuortsterking fan de posysje fan it Papiamintsk, mei mei tank oan de Provinsje Fryslân, yn it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen.
Dizze leden freegje wannear’t de fierdere fuortsterking fan it Frysk yn it Hânfêst ôfrûne wurdt?
Sy freegje dêrneist omtinken foar de posysje fan Friezen om utens. Is de minister ree om yn te gean op de advizen fan DINGtiid oer de posysje fan Friezen om utens?
Op it stuit rint de ferkenning nei fierdere fuortsterking fan it Frysk yn it Hânfêst. Der is in útfraach by ferskate belutsen departeminten dien om yn kaart te bringen hokker ekstra artikels ratifisearre wurde kinne. Dêrby wurdt besjoen (moasje Vedder c.s.) hokker foar- en neidielen it hat om it Frysk oan te melden foar diel III fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen mei ferlykbere rjochten as it Papiamintsk. Ek wurdt yn kaart brocht hokker tariedingen der troffen wurde moatte, en hokker stappen der trochrûn wurde moatte, by oanmelding foar dizze ûnderdielen. Foar jo fraach oer de posysje fan Friezen om utens ferwiis ik jo nei myn antwurd op fraach 58.
De leden fan de BBB-fraksje hawwe fernommen dat de minister earder tasein hat de ratifikaasje fan oanfoljende artikels yn it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen te besjen. Dizze leden merke op dat der yntusken stappen set binne foar it Papiamintsk, wêrby’t artikels ûnder Diel 3 fan it Hânfêst ratifisearre binne dy’t foar it Frysk noch net fêstlein binne.
Hja freegje de minister wannear’t hy ferwachtet dit proses foar it Frysk ôf te rûnjen en hokker konkrete ferfolchstappen hy dêryn foarsjocht. Hja ferwize dêrby nei de kabinetsreaksje op it sânde evaluaasjerapport oer Nederlân oangeande it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen en it fjirde advys oer Nederlân oangeande it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden fan de Ried fan Europa (Keamerstik 36410 VII, nr. 89).
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 65.
De minister hat earder tasein om de ratifikaasje fan oanfoljende artikels yn it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen te besjen.
De leden fan de CDA-fraksje freegje wannear’t de minister ferwachtet dit proses ôf te rûnjen.
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 65.
De leden fan de D66-fraksje hawwe mei belangstelling kennis nommen fan it foarstel fan âld-minister De Jonge om taal eksplisiter as diskriminaasjegrûn op te nimmen.
Op hokker termyn ferwachtet de minister dêrta in foarstel te dwaan oan de Keamer?
Yn reaksje op it fjirde advys oer Nederlân fan it Riejaand Komitee foar it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden hat de eardere minister fan BZK reagearre op it advys om yn de wetjouwing foar likense behanneling eksplisite ferwizingen op te nimmen nei de grûn “taal”, “hûdskleur” en “etnyske komôf”. Dêrby hat hy oanjûn dat it regear oanlieding sjocht om in ûndersyk te starten nei de mooglikheid om nije grûnen op te nimmen yn de Algemiene Wet Gelikense Behanneling (AWGB). De resultaten fan dit ûndersyk sille meinommen wurde yn in bredere ferkenning nei de mooglikheid fan útwreiding fan de AWGB mei nije grûnen. Neffens ferwachting sil jo Keamer yn de rin fan 2026 oer de útkomsten dêrfan ynformearre wurde.
De leden fan de BBB-fraksje hawwe fernommen dat de amtsfoargonger fan de minister earder oanjûn hat taal eksplisiter as diskriminaasjegrûn yn de wet opnimme te wollen.
Dizze leden freegje de minister oft dit kloppet en freegje de minister oft en op hokker termyn hy ferwachtet in wetsfoarstel dêrta by de Twadde Keamer yn te tsjinjen.
Dêrneist fernimme hja graach hokker stappen de minister ûndernimt om diskriminaasje op basis fan taal, wêrûnder it Frysk, yn de praktyk foar te kommen en te bestriden.
Lykas by it antwurd op fraach 68 (D66) neamd is, is yn reaksje op it fjirde advys oer Nederlân fan it Riejaand Komitee foar it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden oanjûn dat it regear oanlieding sjocht om in ûndersyk te starten nei de mooglikheid om nije grûnen op te nimmen yn de AWGB. Ofhinklik fan de útkomsten fan dat ûndersyk sil besletten wurde oft der oanlieding is om yn de AWGB in eksplisite ferwizing nei taal as diskriminaasjegrûn op te nimmen. Diskriminaasje op grûn fan taal, wêrûnder it Frysk, falt op it stuit al ûnder de beskerming dy’t de AWGB biedt tsjin diskriminaasje op grûn fan ras. It Kolleezje foar de Rjochten fan de Minske sjocht ta op it neilibjen fan de wetjouwing oer gelikense behanneling en kin op fersyk oardielje oer diskriminaasje op grûn fan taal. It Kolleezje foar de Rjochten fan de Minske kin klachten yn behanneling nimme oer diskriminaasje op dizze grûn, bygelyks diskriminaasje op it wurk fanwegen it praten fan Frysk.
Ta beslút freegje de leden fan de CDA-fraksje,
op hokker termyn de minister ferwachtet in wet yn te tsjinjen by de Twadde Keamer om taal eksplisiter as diskriminaasjegrûn yn de wet op te nimmen. De foarige minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasje (BZK) hat ommers oanjûn dat dwaan te wollen.
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 68.
De leden fan de D66-fraksje freegje oft de minister ree is om de Keamer yn beide Rykstalen fan in antwurd te foarsjen yn dit skriftlike oerlis?
Myn antwurden sille sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk oan jo Keamer oanbean wurde.
De leden fan de BBB-fraksje freegje oft it mooglik is dat it Ryk in rol spilet yn it beskikber meitsjen fan de Fryske taal yn platfoarms lykas Duolingo, sadat it Frysk tagonkliker wurdt foar in breder publyk.
Duolingo is in private partij en makket eigenstannich beslissingen oer it wol of net oanbieden fan Frysk yn harren app.
De leden fan de CDA-fraksje misse yn de BFTK in fyzje oer it belang fan de Fryske taal.
Dizze leden freegje oft de minister ree is om by de tuskentiidske evaluaasje fan de BFTK mear yn te gean op de ynherinte wearde fan de Fryske taal en kultuer.
Ek wolle hja witte oft de minister it stribjen nei in twatalich Fryslân ûnderskriuwt, wêr’t sawol it Frysk as it Nederlânsk in lykweardige, folweardige posysje hat yn alle domeinen fan it maatskiplike libben.
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 62.
De leden fan de ChristenUnie-fraksje stelle yn oerienstimming mei DINGtiid dat der in fyzje ûntbrekt oer it belang fan de Fryske taal. Dizze leden binne oertsjûge fan de ynherinte wearde fan de Fryske taal foar de kultuer en it libjend kultuerhistoarysk erfgoed fan Nederlân. Sy freegje de minister,
oft hy him hjir by oanslút,
en oft hy ree is om by de tuskentiidske evaluaasje fan de BFTK mear yn te gean op de ynherinte wearde fan de Fryske taal en kultuer. Wêrom is de Fryske taal en har behâld neffens de minister fan belang foar Nederlân?
Ik ferwiis jo nei myn antwurd op fraach 62.
DINGtiid advisearret in strukturele relaasje oan te gean mei organisaasjes fan grut belang foar de Fryske kultuerynfrastruktuer. De leden fan de CDA-fraksje freegje,
oft de minister fan betinken is dat in ferhege Ryksynset foar de Fryske taal alhiel net liede mei ta in fermindere ynset út de Provinsje Fryslân wei.
Hja wolle witte wat de minister docht om de Provinsje Fryslân, as it nedich is, oan te sprekken op de dielde soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer.
De ekstra middels út de Ryksoerheid wei binne bedoeld om de ambysjes fan de Fryske taal en kultuer ta útfiering te bringen. Dy ynset fan it Ryk út har dielde ferantwurdlikheid mei de Provinsje wei is in oanfolling en gjin ferfanging fan provinsjale ynset. Wy wurkje nau gear op de útfiering en prate inoar regelmjittich, sjoch ek it antwurd op fraach 15.
Keamerstik 360 - VIII-180.↩︎
Keamerstik II 2025-26, 33 35, nr. 24.↩︎
Keamerstikken II 2024/25, 36210, G.↩︎
Handreiking Kinder- en Jongerenparticipatie, Lokale Democratie (platform fan it ministearje fan BZK en de VNG), april 2025. Beskikber op: https://lokale-democratie.nl/file/download/82c10ee0-49dc-4df7-91ca-f3024bf75d40/ld_jongerenparticipatie-interactive.pdf↩︎
Keamerstik 360-VIII-180.↩︎
By it ynskriuwen fan in saak by it Gerjochtshôf wurdt sa mooglik beoardiele oft der Frysk praat wurde sil. Soms is dat te sjen oan de behanneling yn earste oanlis, soms oan stikken dy’t oerlein wurde, en fansels op fersyk fan in prosespartij.↩︎
It foargeande is ek opnommen yn de fuortgongsbrief oan jo Keamer fan 13 desimber 2024 oer de oanpak fuortsterking tagong ta it rjocht, Keamerstikken 2023/24 II, 29 279, nr. 920.↩︎
Yn oanfolling dêrop jildt it folgjende. Yn beide gerjochtsgebouwen is de bebuording sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. De Rjochtbank kommunisearret geregeld op social media yn it Frysk oer oan it Frysk relatearre ûnderwerpen.` Foarbylden fan sokke ûnderwerpen binne Dei fan de Fryske taalkunde, it Frysk Juridysk Wurdboek en de wurkbesite fan de kening oan Fryslân op 16 oktober 2024, dat yn it teken stie fan de Fryske taal en kultuer. It Gerjochtshôf hat in social media-post oer Kneppelfreed pleatst (yn it Frysk en Nederlânsk) en in rûnliedingsfideo mei Fryske voice-over op rechtspraak.nl publisearre (2024). Fierder hat it Gerjochtshôf in Fryske fariant fan it Rjochtspraak-logo ûntwerpe litten (2024) en is ien fan de twa flaggen mei it logo fan it Gerjochtshôf boppe-op it paleis ferfongen troch in flagge mei de Fryske fariant (2025). Dêrneist is it Gerjochtshôf úteinset mei de ferkenning fan de mooglikheden om mear siden op rechtspraak.nl Frysktalich oan te bieden (2025).↩︎